Afûk ferbrekt him mei reklame foar Taalkaravaan
Resint ferskynd

Sjonger Bruno Rummler en sjoernalist Simon Vuyk fytse alle moannen in dei troch Fryslân om muzyk te meitsjen en ferhalen te sammeljen fan minsken dy’t hja tsjinkomme. De ferhalen wurde opskreaun en de Afûk sil se útjaan. It projekt hjit ‘Karavaan van de Vriendschap’.
“De Karavaan lit sjen dat taal minsken ferbynt, hokker taal sy ek brûke”, skriuwt Afûk-direkteur Alex de Jager. Hy docht dat lykwols yn in parseberjocht dat fierder hielendal yn it Hollânsk is. Sa binne wy dat fan ‘e Afûk net wend en it past ek net by it boadskip fan de Karavaan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje