Aant Mulder: Underwetterwrâld

augustus 31, 2021 07:00

Kollum

As jimme dit stikje lêze, is de Balkster feestwike alwer foarby. Dy duorre fan moandei 23 augustus oan snein 29 augustus ta. No ja, feestwike, yn dizze tiden komt dêr net it measte fan op ’e hispel. Ferline jier is de feestwike hielendal oergien en fan ’t jier hat de kommisje in oanpast programma betocht. Dat is better as neat. De Balkster ynwenners waard frege om de strjitten te fersieren. Dat ha se dien, yn de iene strjitte wat mear as yn de oare. De aktiviteiten dy’t organisearre waarden, wiene aktiviteiten op 1,50 meter ôfstân en dus koroanaproof.

Foto © AM

De sneons foar de feestwike waarden de strjitten fersierd. Yn ús eigen strjitte hiene we as tema: de Underwetterwrâld. Eardere tema’s fûn ik nijsgjirriger. Doe’t we der krekt wennen diene we it bygelyks in tal jierren mei útseage foarwerpen dy’t by in boekhannel en drogisterij hearden. Dat diene we doe sa om’t de namme fan de strjitte nei sa’n boekhanneler ferneamd wurden wie. Letter waarden dat stripfigueren en no dus de Underwetterwrâld. Blau-wite flachjes bylâns beide kanten fan de strjitte jouwe de hichte fan it wetter oan. Boppe de flachjes sjogge we in boatsje, springende dolfinen en leger as de flachjes, dus moai yn de tunen, fisken, kreeften, inketfisken, kwallen, seehynderkes, seemearminnen en folle mear fan datsoarte fan bistkes dy’t ûnder wetter libje. In tal jierren makken in dûker en in spuitsjende walfisk alles ta ien grut en moai gehiel. De dûker waard stellen en de walfisk leit der wol, mar spuitet net mear. Wy binne wer oan wat oars ta of alles soe yngeand fernijd wurde moatte. En ynienen betink ik dat we eins in hiel aktueel tema ha, in tema, dêr’t folle mear mei dien wurde kin.

Dat betink ik de moandeis as we nei Snits ta ride. Om Wâldsein hinne steane de greiden op gâns wat plakken by greppels en fearten lâns splis. Wy hiene der fansels al fan heard. De buien fan in dei earder hiene dat fan gefolgen. Doe hiene we buien sa’t we se net faak ha en benammen Wâldsein en noch in pear oare plakken moasten it belije. Yn Wâldsein bleau it wetter yn guon strjitten stean. Kelders strûpten ûnder. Der wie gjin hâlden en kearen oan. Rioelearringen binne op datsoarte fan wolkbreuken net mear berekkene. En dat wylst it wetter yn sokke stiennen omkriten eins gjin oare kant út kin.

Buien mei sa’n 100 milimeter wetter wurde yn hieltyd makliker opwaarmjende omkriten hieltyd gewoaner.

As we tocht hiene dat sokke buien by Súd-Limburch en by Dútslan en België hearre, dan witte we no wol better. Buien mei sa’n 100 milimeter wetter wurde yn hieltyd makliker opwaarmjende omkriten hieltyd gewoaner. Op ien dei falt dan it wetter dat by in hiele moanne heart. Wat we yn Balk by ús yn de strjitte betochten: de Underwetterwrâld, waard yn Wâldsein hast wierheid. Dat ropt nije fragen op. Soe dy hichte fan de flachjes de hichte fan it wetter al of net oanjaan. En hoe sit it dan mei dy keunstwurken yn de Noardeastpolder, dy’t ik ek altyd oan de hichte fan it wetter keppelje.

Foto © AM

Wat de keunstwurken yn de polder oanbelanget ha ‘k altyd tocht dat dy ôfmjittingen doge. It húske mei it skip tichteby De Lemmer dat offisjeel Het Boothuis neamd wurde moat, is 10 meter heech. Dy hichte fyn ik, no’t ik dêrom sykje. Dat fernuveret my, want dat is te heech, fierstente heech. Op hichtekaarten steane 1 meter foar oan de râne en 2 meter ûnder NAP foar yn de polder oanjûn. Soe de polder ûnder wetter komme te stean, dan bliuwt it boatsje dus royaal boppe wetter. Datselde jildt foar it ‘Ketelhuisje’, by de Ketelbrêge, dat offisjeel Monument voor de Noordoostpolder hjit, mei in hichte fan 8 en 12 meter. De reekplom soe tagelyk de hichte fan it wetter oanjaan. Dat tocht ik altyd, mar dat is dus net sa. It jout sa in fertekene byld. De architekten Koopman en Bolink, dy’t noch mear fan datsoarte fan keunstwurken foar de polder makke ha, oerdriuwe dus. Dat docht tinken oan Wachten op hoog water fan Jan Ketelaar, de bylden fan de man en de frou op de seedyk by Holwert.

Soe de feestfersiering by ús yn de strjitte ek in fertekenjend byld jaan? It antwurd is gau dúdlik: ja. Mei deselde kaarten derby kom ik ta de konklúzje dat Balk sa’n 2 a 3 meter boppe NAP leit. Dat is mei fersiering min oan te jaan. De peallen mei de flachjes foarmje allinne mar in moai plaatsje. Fansels yn ’e rjochting fan de Sleattemer Mar wurdt it allegearre wat nuodliker, mar sels dêre is it noch tusken 1 en 0 meter boppe NAP. Nei de Iselmar ta rint it sels noch aardich omheech, nei sa’n 5, 6 en 7 meter. It giet fansels om NAP-hichten. Mei floed, springfloed en tropyske buien wurdt it in oar ferhaal. Ik soe wolle dat we wat faker mei keunstwurken en flachjes de echte hichte fan it wetter ferbyldzje.

Wy soene witte moatte oft we in bytsje feilich wenje en oft we drûge fuotten hâlde kinne. Wy moatte ús dat folle bewuster wurde. Ryk, provinsjes en gemeenten moatte dwaan wat se dwaan kinne om it wetter de baas te bliuwen en it klimaat by te stjoeren. Risiko’s moatte beheind wurde. Bouwe op hichten, better sein djipten fan 6 à 7 meter ûnder NAP, tink oan de gemeente Zuidplan by Rotterdam, soe gjin mins wolle moatte. Sa’t yn België en Dútslân praat wurdt oer heger yn de bergen bouwe, sa moatte wy prate oer hoe’t we de djipste djipten gewurde litte kinne as it om bouwen giet. Wy moatte likegoed heger bouwe. Dat betsjut dat we wat faker nei it easten ta moatte. Dy kant moat it út. Of we moatte by steat wêze en bou in echte ûnderwetterwrâld.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 28 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

augustus 31, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.