Aant Mulder: Is 2021 wol in Olympysk jier

augustus 3, 2021 07:06

Kollum

It binne nuvere tiden. It waar fan dizze simmer docht earder oan de hjerst as oan de simmer tinken. Wylst ik mien te witen dat it fan ’t jier 2021 is, sjoch ik hieltyd om my hinne it jiertal 2020. Dat men soe tinke dat it hjerst 2020 is. Dat is fansels net sa. It waar, dat witte we wol, dêr dogge we neat oan. It jiertal 2020 hat fansels alles te krijen mei de Olympyske Simmerspullen dy’t no ein july, begjin augustus yn Tokio, de haadstêd fan Japan, holden wurde. Dy Spullen wurde om de fjouwer jier holden en dat hie dus nei dy fan 2016 yn Rio yn 2020 moatten. Dat gie oer, nee se waarden in jier útsteld. Dat koe net oars om’t koroana eins alles ûnmooglik makke.

Lyts begjinne. Foto © AM

No binne we in jier fierder en men kin jin ôffreegje oft it no wol kin. Ik ha oanstriid om te sizzen dat it net kin. De measte Japanners tinke der krekt en gelyk oer. Dy binne tsjin, mar koene de útstelde Spullen net tefoaren komme. It regear dêr tinkt der oars oer. It jild dat útjûn waard, en dat wie net in bytsje, moast weromfertsjinne wurde. Dat oan 2020 fêstholden waard, hie fansels alles te krijen mei it byldmerk dat oeral al op stie. Hiene se it oars dien, dan hie aardich wat materiaal ta weismiten keard west. Dat sa. De Olympyske Spullen 2020 dy’t no holden wurde, moatte in boppeslach wurde. Dêrby komme de finânsjes suver op it earste en de sportive prestaasjes op it twadde plak. Likegoed, dy doelstellingen mislearje. De stadions hiene fol sitte moatten, mar om de koroana binne taskôgers net wolkom. Dus wurdt der eins neat fertsjinne. It âlde guod reitsje se ek foar in grut part net kwyt.

Hawar, ien ding jildt opnij. Sûnt 1896, doe’t de earste moderne Olympyske Spullen yn Atene organisearre waarden, dogge hieltyd mear lannen mei. It giet om hieltyd mear sporten en hieltyd mear sporters en der kinne dus ek hieltyd mear medaljes ferjûn wurde. It begûn allegearre mei 13 lannen mei sa’n 285 sporters. No dogge 204 lannen mei 10500 sporters yn 33 sporten mei. Foar al dy sporters lizze 962 medaljes klear. Dochs sil it tal sporters grif wol nei ûnderen bysteld wurde moatte. Dat bringt ús opnij by de koroana. Hoewol’t der fan alles regele waard om besmettingen foar te kommen, kin yn in fleantúch of op oare plakken samar fan alles misgean. It betsjut dat fan TeamNL en fan oare lannen net iens alle sporters yn dy lege stadions meidwaan kinne. Binne dat noch wol Olympyske Spullen?

Op it stuit dat ik de kollum klear ha
steane we mei 2 gouden, 6 sulveren en 3 brûnzen medaljes
op it tsiende plak

Dan giet der fierder ek noch fan alles mis. Men kin jin ôffreegje oft sokke dingen al of net te krijen ha mei de lege stadions en de koroana, en dan benammen mei de maatregels dy’t nommen wurde om besmetting foar te kommen. De sporters ha der in probleem by. Se moatte har net allinne dwaande hâlde mei de eigen sportive prestaasje en dus krewearje foar goud. Nee, koroana ferget hast likefolle omtinken. En dochs binne sporters der de iene deis net wis fan oft se de oare deis meidwaan kinne. De fraach oft se wat koroana oanbelanget dogge wat se dwaan moatte, komt eins op it earste plak en de sport dus wer op it twadde. Dan ûntsteane situaasjes dat Van Vleuten tinkt dat se wûn hat, dat se goud hat, mar de echte winner oer de holle sjocht. Of tink oan Van der Poel, dy’t op in planke rekkenet dy’t der net leit. Of Kimmann dy’t in offisial fan ’e sokken rydt. Dat binne de foarbylden dy’t it nijs helje, mar der barre grif mear frjemde dingen.

Lyts begjinne. Foto © AM

De Spullen wurden hieltyd grutter en moaier, de prestaasjes hieltyd better. Lannen dy’t de Spullen organisearje meie, stekke der grou jild yn. De Spullen foarmje op dat stuit it fisitekaartsje fan it lân. Der mei neat misgean. Japan liket dêr in dúdlik foarbyld fan. No’t safolle oare saken omtinken freegje, wurdt de kâns op ûngelokjes allinne mar grutter. Lege stadions motivearje ek net. It hat der alles fan dat de wedstriden sjoen wurde as oefenrûntsjes. Dat is fansels net sa. Underwilens is it tal positive besmettingen fan sporters en helpers al yn ’e buert fan de hûndert kommen. De gjalp dat de bêste winne mei, kriget sa al wat in wrang bylûd.

Dêr komt by dat Nederlân op it stuit dat ik oan dizze kollum begjin op it 31ste plak stiet. Dat fine wy net goed en dat betsjut dat al wer mei fingers wiisd wurdt. Dochs liket it gau dêrnei al better te gean en as ik de kollum ynleverje steane we mei 2 gouden, 6 sulveren en 3 brûnzen medaljes op it tsiende plak. Wy binne allegearre wer entûsjast. No’t it rint sa’t it rint, hoopje ik likegoed dat yn lege stadions dochs prachtige resultaten helle wurde, dat de flaters fan de earste dagen hearre by dat begjin en dat TeamNL in soepel draaiende masine wurdt. Dêr komt by dat we meidwaan fansels like wichtich fine as winnen. Wy ha dêr in prachtich foarbyld fan. Epke Zonderland! Hy hat derhinne west, hy helle de kwalifikaasjewedstriden net, mar kaam wol as winner werom. Wy binne grutsk op sokke Friezen. Wy binne ek grutsk op dy oaren, op: Sisca Folkertsma (fuotbal), Ymkje Clevering en Jan van der BIj (beide roeie), Marrit Steenbergen (frije slach). Wat der ek fan komt: meidwaan is wichtiger as winne. Op snein 8 augustus witte we hoe’t dizze Spullen yn in net Olympysk jier dochs slagje of mislearje kinne.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 31 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
augustus 3, 2021 07:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.