Aant Mulder: In kleurige PC

augustus 10, 2021 07:00

Kollum

Woansdei 4 augustus hiene we de PC wer. Dat is de keatswedstriid dêr’t ik altyd nochris hinne wol. Dat is der lykwols noch nea fan kommen. Dat soe komme kinne om’t ik it in yngewikkeld spultsje fyn en om’t it baltsje de lytse kant neist is. Likegoed, dat jildt foar mear sporten. Ik kom ta de konklúzje dat fan sport genietsjen foar my betsjut foar de telefyzje sitte en dan leafst nei sporten sjen dy’t mei in wat gruttere bal spile wurde. De pakesizzer fernijde my okkerdeis dat de grutste bal by kuorbal nûmer 5 is. Sjoch dat sprekt my oan. Dat de PC op Omrop Fryslân Radio en TV in protte omtinken kriget, fyn ik ek moai. Dat ik ha in grut part fan de wedstriid sa sjoen.

It keatsen is in iuwenâlde sport. Tusken 1675 en 1700 moatte al wedstriden holden wêze. It keatsen waard yn dy begjintiid ornaris organisearre troch kastleins. Dat waard wol mei mear sporten sa dien. De kastleins hiene no ienris graach folk yn ’e herberch en it organisearjen fan wedstriden wie in goede mooglikheid. Fan de keatssport kin sein wurde dat dy altyd omtinken hân hat foar noarmen en wearden. Dat is net feroare. Dat die woansdei út it ferskaat oan flaggen op de Frjentsjerter balferkeatsersdei wol wer bliken. Balferkeatsersdei, sa waard dy keatsdei neamd foar’t de no ferneamde PC, Permanente Commissie, yn 1853 oprjochte waard.

De kommisje organisearre de earste wedstriid in jier letter, yn 1854 dus. De wedstriden, dêr’t sechstjin partoeren oan meidwaan kinne, waarden sûnt altyd op de fiifde woansdei nei 30 juny holden. Sadwaande waard de 168ste PC no op woansdei 4 augustus holden. Dat de PC in pear kear net holden waard, net holden wurde koe, wurdt út dy telling net dúdlik. Dochs is dat sa. Trije kear koe de wedstriid net holden wurde om’t de risiko’s fan besmetting te grut wiene. Dat jilde yn 1859 foar de pokken, yn 1866 foar de goalera en yn 2020 foar de koroana. Yn 1943 en 1944 koe de wedstriid om de oarloch net holden wurde. Hoewol’t fan ’t jier de koroana net oer is, koe it keatsfeest op it Sjûkelân mei minder publyk en mei oanpaste maatregels dochs holden wurde. It Sjûkelân yn Frjentsjer wie foar ien dei wer it middelpunt fan Fryslân.

Dat de PC in pear kear net holden waard, net holden wurde koe,
wurdt út dy telling net dúdlik. Dochs is dat sa.

Net allinne de koaroana hold de PC yn de besnijing. Itselde jilde foar de reinbôgeflagge. Dat dy flagge hieltyd faker úthongen wurdt, soe wolris in goed ding wêze kinne. Ik tink dan benammen oan tiden, plakken en aktiviteiten dy’t derta dogge. As de PC fynt dat de keatsdei sa’n momint is, dan is dat my wol nei ’t sin. Ik sjoch lykwols wol in probleemke. Mei de bêste bedoelingen komme der hieltyd mear flaggen foar mear ferskillende groepen. Wêr begjinne we dan en wêr hâlde we op. In foarbyld. Wy ha de reinbôgeflagge, wy ha de flagge fan de Black Lives Matter-beweging en wy ha fansels de Fryske flagge. Wa’t goed om him hinne sjocht, falt it hieltyd faker op dat flaggen yninoar skood wurde: de reinbôgeflagge en de Black Lives Matter-flagge wurde ien Progress prideflagge. Moai! Sûnt koart wurdt de Fryske en de reinbôgeflagge ek ien fan makke. It sil wol net lang duorje foar’t de Fryske flagge en de Progress prideflagge yninoar skood wurde. De PC set ek stappen yn dy rjochting. Fan’t jier ha se de Fryske reinbôgeflagge (sa neam ik dy flagge mar) úthongen. Dat hie net wêze moatten.

Ik ha neat tsjin op al dy flaggen apart, mar as we hieltyd mear flaggen yninoar skowe, wurdt hieltyd ûndúdliker wêrom’t no krekt dy flaggen wol en dus oaren net brûkt wurde. In flagge is in symboal foar it iene of it oare. De Fryske flagge stiet symboal foar ús provinsje mei alle ynwenners dy’t derby hearre wolle, mei alle opfettingen dy’t se ha, mei omtinken foar in stikje eigen histoarje, taal en kultuer. No samar, ik sil it wol net goed ferwurdzje, mar in lhbti’er dy’t him of har Frysk fielt, wurdt gewoan troch de Fryske flagge fertsjintwurdige. Dat jildt foar de lju fan Black Lives Matter krekt sa. Dat wat my oanbelanget moat op it Sjûkelân de Fryske flagge genôch wêze. As oaren oare flaggen ophingje wolle, dan moat dat kinne, mar helje net alles trochinoar.

Foto: Wikipedy – publyk domein

De Fryske flagge, dêr kinne we mei sizze wat we wolle. Dat fine hieltyd mear minsken. Dat foel my noch net iens sa hiele lang ferlyn op doe’t by ús yn de strjitte mear Fryske as Hollânske flaggen ophongen waarden. Hawar, oan de ein fan de PC kaam alles goed. It bêste partoer wûn, Erwin Zijlstra waard ta kening útroppen en it wie feest. Likegoed, de foarsitter fan de PC, Ids Hellinga, is eins de echte kening. Dy man hat in miening dy’t fierder giet as allinne it keatsen, hoe wichtich dat ek is. Dat wie no sa en dat wie earder kearen net oars. Sa hie de foarsitter it diskear yn syn iepeningstaspraak oer kobben dy’t oerfleane, earne wat delskite en wer fuort binne. Dy opmerking hie ik, wat oars brûkt, wol earder heard, mar dat docht der net ta. De betsjutting wie aardich deselde. Ik soe hast sizze: Dat binne lju, dy’t hjirhinne komme, de eigen flagge plantsje troch wat del te skiten en it dan wol wer goed fine en fierder fleane. Lju dus dy’t der net oan takomme om efter de Fryske flagge stean te gean.

Krekt foar de finale hearde ik de foarsitter yn petear mei Miranda Werkman fan Omrop Fryslân sizzen, dat de Fryske flagge eins in ynklusive flagge is. Elkenien dy’t dat wol, kin derby hearre. Ik wie dat dus folslein mei de man iens. Hy sei ek: “It oare jier hingje we de Fryske reinbôgeflagge net wer op.”

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 7 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

augustus 10, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Cor Jousma augustus 10, 13:50

    Ik mis op It Nijs de link nei Arcadia: https://arcadia.frl/gedonder-in-fries-vlaggenland/

  2. Wim augustus 12, 07:38

    Kin ien my fertelle wêrom der by de heale finales fan de Freule oare linen wienen (by it perk) dan yn de finale?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.