A32 by it Hearrenfean takom wykein ticht

augustus 2, 2021 09:36 Fernijd

Takom wykein kin men net fan ‘e Wolvegeaster kant dat út nei Ljouwert ta oer de A32. It dyksflak wurdt dan oan arbeide. It ferkear wurdt omlaat fia de N50 en A6 (nei Ljouwert en Snits ta) en de A28 en de N381 (nei Drachten ta).

Ferkear fan ‘e oare kant, dus fan Ljouwert de Wolvegeaster kanten út, kin al trochride, mar allinnich op ‘e rjochter rydbaan. Ljuwe dy’t ta de Feanster buorren út wolle, moatte oer de A7 ride.

Reden foar it tichtsetten fan ‘e grutte dyk is dat dy iepen moat, dat der in rioelbuis oanlein wurde kin. Fierders wurde in stikmannich nije buorden delset.

De tichtsetting begjint freedtejûn 6 augustus om acht oere en duorret nei ferwachting oan moandeitemoarn 9 augustus seis oere.

Mear ynformaasje is yn ‘e Hollânske taal te lêzen op it webstee heerenveenbeterbereikbaar.nl.

augustus 2, 2021 09:36 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.