52.772 peuken en tritich jier âlde sjipsferpakkingen fan strannen helle

augustus 16, 2021 09:04

Snein wiene de lêste strânopromaksjes fan de Boskalis Beach Cleanup Tour fan Stifting De Noordzee. Fan 1 o/m 15 augustus waard yn tritich etappes by de hiele Noardseekust del opromme. 2.873 frijwilligers rommen yn fyftjin dagen 4.641 kilo ôffal op fan de strannen.

Foto: Stichting De Noordzee

Dit jier wie der spesjaal omtinken foar sigarettepeuken, dêr’t de filters foar it grutste part fan út plestik bestean en skeaklik foar de natuer binne. Yn totaal waarden der 56.772 sigarettepeuken oppakt. De measte peuken waarden op it strân fan Zandvoort fûn: 8.039 stiks. Opfallend wie ek dat op ferskate strannen ferpakkingen fan wol tritich of fjirtich jier âld fûn waarden. “Dat lit sjen dat we echt foarkomme moatte dat swalkôffal yn ’e natuer telâne komt”, seit Ewout van Galen fan Stifting De Noordzee.

Foto: Lize Kraan / Stichting De Noordzee

De stifting organisearre de himmelaksje fan ’t simmer foar de achtste kear. Yn 2020 gie de aksje troch koroana oer, dit jier koe dy yn oanpaste foarm wol trochgean. It programma seach der dit jier krekt wat oars út. Sa waard der wurke mei tiidslotten om drokte foar te kommen, waard der op relatyf goed berikbere stikken strân opromme en diene frijwilligers dat mei harren eigen selskip yn stee fan yn in grutte groep. Yn 2019 waard mei 2.568 frijwilligers 10.991 kilo ôffal fan de strannen  ophelle. Dit jier is der yn gewicht minder smoargens opromme. Op it each lykje de strannen dus skjinner as ea, en de organisaasje stelde earder dit jier dan ek in sinjifikant delgeande trend fan strânôffal fêst. Dochs is der in protte lyts ôffal opromme: foaral peuken, fiskplús en plestik kerrels leine in protte op it strân.

Foto: Stichting De Noordzee

“En just de lytse stikjes plestik dy’t net folle wage, binne tige skealik foar it seelibben”, leit Van Galen út. “Bisten kinne stikjes plestik, paraffine, plestik kerrels of peuken opite of se reitsje ferstrikt yn fisknetten of ballonlinten. It ôfeartprobleem is noch hieltyd grut. De measte kilo’s smoargens hellen we fan it strân op Skiermûntseach en yn de Kwade Hoek yn Seelân: dêr spielt in protte ôffal út see oan. It is geweldich dat we de ôfrûne wiken mei safolle entûsjaste minsken opromje koene. Dat ôfeart komt net mear yn see telâne. En as de resultaten ien ferhaal fertelle, is it wol dat we it ôffalprobleem by de boarne oanpakke moatte.”

Foto: Jaap Lotstra / Stichting De Noordzee

Oer Stifting De Noordzee
Stifting De Noordzee is in ûnôfhinklike natuer- en miljeuorganisaasje en is dé organisaasje as it giet om it beskermjen en duorsum gebrûk fan de Noardsee. De stifting rjochtet him op fjouwer doelen: romte foar natuer, skjinne see, duorsum iten en natuerfreonlike enerzjy. Mei oaren wurket de organisaasje oan in skjinne en sûne Noardsee. De jierlikse lanlike strânhimmelaksje, de Boskalis Beach Cleanup Tour, is mooglik tanksij de stipe fan de haadsponsor Boskalis en in protte oare partners.

augustus 16, 2021 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.