32% mear publike laadpunten yn Fryslân, mar druk nimt ta

augustus 22, 2021 08:48

Begjin 2021 wiene der yn Fryslân 1,9 publike laadpunten op tûzen húshâldens. Dat oantal is 32% heger as in jier earder, doe’t der 1,4 laadpunten op tûzen húshâldens wiene. De grutste oanwaaks wie yn de gemeente Waadhoeke. Dêr wiene begjin 2021 sels 350% mear laadpunten as in jier earder. Nettsjinsteande de fikse oanwaaks fan it tal publike laadpunten, nimt de druk op laadpeallen ta trochdat it tal elektryske auto’s hurder tanimt as it tal laadpunten. Dat en mear docht bliken út in analyze fan Independer op basis fan data fan de RDW en it RVO.

Foto: pixabay.com

Grutste groei yn Waadhoeke
Yn Fryslân is it tal iepenbiere laadpunten op in húshâlden tusken jannewaris 2020 en jannewaris 2021 it meast tanommen yn de gemeente Waadhoeke, te witten fan 0,2 nei 0,9 op tûzen húshâldens (+ 350%). Yn de gemeenten It Hearrenfean (+ 125%) en Smellingerlân (+ 110%) wie ek in fikse oanwaaks te sjen.

Measte iepenbiere laadpunten yn Ljouwert
De gemeente Ljouwert telt absolút sjoen de measte laadpunten: begjin 2021 wiene der 213 laadpunten. Mar as sjoen wurdt nei iepenbiere laadpunten op tûzen húshâldens, stiet Skylge boppe-oan: 19,6 op tûzen húshâldens. De top-5-gemeenten yn Fryslân mei de heechste laadpunttichtens wurdt foarme troch:

  1. Skylge (19,6 publike laadpunten op tûzen húshâldens);
  2. Skiermûntseach (3,7 publike laadpunten op tûzen húshâldens);
  3. It Amelân (3,5 publike laadpunten op tûzen húshâldens);
  4. Ljouwert (3,4 publike laadpunten op tûzen húshâldens);
  5. Noardeast-Fryslân (2,4 publike laadpunten op tûzen húshâldens).

Druk op publike laadpunten nimt ta
Nettsjinsteande de fiksje oanwaaks fan it tal publike laadpunten, nimt de druk op laadpunten yn Nederlân ta. It tal elektryske auto’s op ’e dyk stiget nammentlik folle hurder as it tal publike laadpunten. Sa wie der begjin 2021 yn trochsneed ien laadpunt op 4,6 elektryske auto’s, wylst dat twa jier earder noch troch 2,2 auto’s dield waard.

Troch dy skeefgroei wurdt it foar eigners hieltyd lestiger om goed berikbere en beskikbere iepenbiere laadpunten te finen. Elektryske auto’s binne tige populêr: begjin 2019 rieden der yn Nederlân 44.984 fan om, mar sûnt is dat al 182.481 wurden.

Lês mear oer it ûndersyk.

augustus 22, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.