Ynternasjonale profomgong yn 2021 yn Noardeast Fryslân
Resint ferskynd
Ploegepresintaasje en einstreek yn Dokkum – start op It Surhústerfean
Gemeente Noardeast-Fryslân is ein augustus 2021 gasthear fan de start fan de sândeiske Benelux Tour, de eardere BinckBank Tour. De organisaasje is yn hannen fan de gemeente Noardeast-Fryslân en de provinsje Fryslân. It is de iennige meardeiske UCI WorldTour-wedstriid fan Nederlân en België. De ynwenners fan beide lannen krije de mooglikheid om de bêste ploegen en hurdfytsers fan de wrâld ticht by hûs oan it wurk te sjen. De tocht giet troch noardeastlik Fryslân en sil, neist de stêd, ferskate doarpen yn ferskillende gemeenten oandwaan.
De ploegepresintaasje is op snein 29 augustus 2021
It dekôr foar de ploegepresintaasje is de histoaryske Alvestêdestêd Dokkum. De hurdfytsers fan alle ploegen dy’t oan de Benelux Tour meidogge, wurde presintearre yn boatsjes op it wetter fan it Lyts Djip. Foar it publyk binne de hurdfytsers te bewûnderjen by de Suupmerk, de Syl en de Fleismerk.
De start fan de profomgong is op moandei 30 augustus
De ôftraap is op It Surhústerfean, gemeente Achtkarspelen. De rûte giet fierder fia de gemeenten Tytsjerksteradiel, Dantumadiel, it Hegelân (Gr.) en Noardeast-Fryslân. It finishplak fan de earste etappe is yn Dokkum. Der is dan likernôch 170 km. ôflein.
“Mei de komst fan de Benelux Tour nei it noardeasten fan ús prachtige provinsje sette wy Fryslân wer op ’e kaart as dé fytsprovinsje.” Deputearre Sander de Rouwe is optein. “Wy sjogge út nei de komst fan it profpeloton, diskear op Noardeastfryske diken.”
By de Benelux Tour wurde ferskate njonkenaktiviteiten organisearre. Wethâlder Jelle Boerema rekkenet derop dat it evenemint tûzenen besikers nei de noardlikste stêd fan de Alvestêdetocht lûkt. De Benelux Tour sil tige oan de gebietspromoasje fan de regio Noardeast Fryslân bydrage.
Op sneon 28 augustus is der de mooglikheid om in toertocht te riden. De organisaasje dêrfan is yn hannen fan it hurdfytskomitee fan It Surhústerfean.
De bekende Admiraliteitsdagen geane yn 2021 net troch. De organisaasje soarget, yn gearwurking mei oare organisearjende partijen yn ’e stêd, wol foar in brûzend alternatyf. De start fan de sportive aktiviteiten is fóár de presintaasje fan de hurdfytsers op 29 augustus. Dat is de start fan de wiken fan de Admiraal.
Fia de gemeentlike side yn ’e krante en de webside wurdt geregeld ynformaasje trochjûn. Der is in projektside, www.noardeast-fryslan.nl/beneluxtour. Dêr komt ûnder oare it parkoers op, dykôfslutingen, njonkenaktiviteiten, ensfh. Der komt ek in eveneminteside op Facebook.
De Benelux Tour einiget op snein 5 septimber.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje