Yntekenje op boek ‘Onder Frieslands grauwe hemel’

july 3, 2021 09:44

Der kin no al yntekene wurde op it boek Onder Frieslands grauwe hemel, dat yn novimber by útjouwerij Wijdemeer útkomt. Wa’t wis wêze wol fan in eksimplaar kin fia de projektwebside it boek foarútbestelle. De yntekenaksje fan dit momint is ek de earste offisjele stap yn it kulturele totaalprojekt Grauwe Hemel, oer dichter-dûmny François HaverSchmidt, alias Piet Paaltjens en syn Fryske ûnderfiningen.

Foto: Siem Akkerman

Boekomkaft
Auteur fan it boek en Grauwe Himel-projektlieder Johannes Keekstra ûnbleate tegearre mei útjouwer Louw Dijkstra it boekomkaft, by it boarstbyld fan HaverSchmidt yn syn bertestêd Ljouwert. It omkaftûntwerp fan de publikaasje kriget trochslach yn alle uteringen fan it projekt, dus ek de affysje fan it lokaasjeteater dat yn maaie 2022 opfierd wurdt yn Foudgum, de earste gemeente fan de njoggentjinde-iuwske predikant.

De Ljouwerter foarmjouwer Arjan Geertsma makke it ûntwerp op basis fan in yllustraasje troch Keekstra sels. Oer dy pintekening seit de skriuwer: “Ik socht in byld as yn in âlderwetske filmposter, dat yn ien klap it ferhaal fertelt. Men sjocht de jonge dûmny François dy’t fêstsit yn it tsjerkerút, mei syn alter ego Piet Paaltjens dy’t wyslik op ’e eftergrûn bliuwt; de wilige tigerleelje fan syn dichtbondel Snikken en grimlachjes en de ûnbeweechlike Mariatsjerke fan Foudgum jouwe wer wêr’t de ûngeduerige en ambisjeuze HaverSchmidt eins hurd foar fuortrinne wolle soe.”

Yntekenje fia webside
Foarútbestelle fan Onder Frieslands grauwe hemel kin troch yn te tekenjen fia de fernijde webside www.grauwehemel.frl.

july 3, 2021 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.