Ynleverje manuskripten Fedde & Martha Bergsma Priis

july 14, 2021 06:40

Dit jier sil foar de achtste kear de iennichste toanielskriuwpriis fan Fryslân útrikt wurde. Kandidaten kinne o/m woansdei 1 septimber 2021 harren manuskripten ynleverje.

Foto: Keunstwurk

Ien kear yn de trije jier wurdt de Fedde & Martha Bergsma Priis takend oan de skriuwer fan de bêste, oarspronklik Fryske toanieltekst. Oan de priis is in bedrach ferbûn fan € 1000,-. Yn oanmerking komme allinich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t skreaun binne tusken 2017 en 2021. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang. Net allinnich de skriuwers, ek ‘tredden’ kinne it wurk fan in toanielskriuwer ynstjoere. It wurk sil troch de sjuery besteande út: Bouke Oldenhof (winner fan de priis yn 2017), Gerrit Hoekstra en Tsjerk Bottema, beoardield wurde.

Kandidaten kinne harren stikken digitaal stjoere nei Keunstwurk fia theater@keunstwurk.nl (o/m woansdei 1 septimber 2021).

Dizze literêre priis is yn 1992 ynsteld troch de yn 2014 ferstoarne Ari van Tienhoven. Van Tienhoven hat yn it lêste jier fan de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkt west by de famylje Bergsma yn Jellum. Fedde en Martha Bergsma wienen altiten warber mei toaniel en stienen oan de widze fan toanielploech Tryater. Lês yn it ‘yn memoariam’ fan Ari van Tienhoven it hiele ferhaal.

De priisútrikking is yn novimber 2021.

july 14, 2021 06:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.