Yn oardel jier 19,9% mear befeiligingskamera’s yn Fryslân

july 19, 2021 08:15

Yn oardel jier tiid is it tal befeiligingskamera’s yn it Fryske strjitbyld mei 19,9% tanommen. Dat is minder as de lanlike trochsneed fan 22%. Yn totaal binne der yn Fryslân no 7.636 kamera’s fan partikulieren, bedriuwen en de oerheid yn de plysjedatabank ‘Kamera yn byld’ registrearre. Dat en mear docht bliken út sifers fan de plysje, dy’t VPNGids.nl opfrege fia in Wob-fersyk.

Foto: Unsplash/Scott Webb

Grutste oanwaaks kameratafersjoch yn Opsterlân
Fan gemeente ta gemeente feroare it tal registrearre befeiligingskamera’s nochal bot. Yn Opsterlân naam it tal kamera’s it meast ta: fan 141 yn novimber 2019 oant 239 yn maaie 2021 (+69,5%). Op It Amelân naam it tal kamera’s mei 9,1% justjes ôf.

Measte kamera’s op 10.000 ynwenners op Flylân
Op Flylân rinne ynwenners de grutste kâns dat se op kamerabylden fêstlein wurde. Yn dy gemeente binne by de plysje 662 kamera’s op 10.000 ynwenners registrearre. Ynwenners fan Skiermûntseach rinne de minste kâns: yn harren gemeente binne der mar 32 op 10.000 ynwenners.

Lanlik goed 50.000 nije kameraregistraasjes
Yn hiel Nederlân is it tal befeiligingskamera’s dat by de plysje registrearre stiet, mei 50.458 tanommen. Op it stuit binne der 278.988 kamera’s yn de plysjedatabank opnommen.

july 19, 2021 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.