Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 2 o/m 8 july 2021

july 11, 2021 10:47

It tal nije koroanabesmettingen yn Fryslân is de ôfrûne wike mear as fertrijedûbele: 229 positive testen tsjin foarige wike 68. Sûnt it begjin fan de pandemy wie it noch nea sa hurd oprûn. De tsien wiken derfoar wie hieltyd sprake fan in delgong.

Benammen de lêste dagen hie de stiging ferskillende oarsaken. Feestjes, kafeebesiten en it weromkommen fan bûtenlânske fakânsjegongers soargen derfoar dat jongelju dy’t net yninte wiene besmet waarden. De kâns is grut dat hieltyd mear jongelju der lang lêst fan oerhâlde.

Ferline wike wiene der gjin klusters fan mear as trije positive testen, mar no binne mear as tweintich haarden bekend, benammen om kafees hinne. De helte fan dy besmettingen yn Fryslân is yn kafees yn Grins opdien, mar de besikers witte faak net mei wa’t se kontakt hân hawwe, dat it is in toer om boarne- en kontaktûndersyk te dwaan.

Sifers
De 229 besmettingen fan de ôfrûne wike bringe it totaal yn Fryslân op 44.063. Sûnt 1 oktober hoegden der gjin koroanapasjinten opnommen te wurden en wiene der yn dy kategory ek gjin stjergefallen.

Hast yn alle gemeenten gie it tal nije besmettingen omheech. Noardeast-Fryslân spande de kroan: fan 0 nei 21 besmettingen.

Gemeentlike besmettingssifers (tusken heakjes de foargeande wike): Ljouwert 44 (16), Súdwest-Fryslân 34 (7), It Hearrenfean 26  (9), Smellingerlân 22 (5), De Fryske Marren 22 (8), Noardeast-Fryslân 21 (0), Weststellingwerf 17 (11), Achtkarspelen 11 (0), Eaststellingwerf 9 (7), Opsterlân 8 (1), Tytsjerksteradiel 5 (2), Dantumadiel 4 (0), Waadhoeke 3 (0), Harns 2 (1), Skylge 1 (1), It Amelân 0 (0), Skiermûntseach 0 (0) en Flylân 0 (0).

july 11, 2021 10:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.