Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 16 o/m 22 july 2021

july 25, 2021 11:58

Foto: Mufid Majnun op Unsplash

It tal nije besmettingen yn Fryslân wie stabyl: 1468 positive testen, tsjin 1467 in wike earder. Nei twa wiken fan eksplosive stigingen lykje de sifers wer nei ûnderen te gean, mar it is ôfwachtsjen oft dat trochset. It sicht op it firus is net optimaal. Nei alle gedachten binne der mear minsken besmet as út de sifers nei foaren komt. Der wurdt minder test.

Yn de Fryske sikehuzen leine ôfrûne wike acht koroanapasjinten en ien op de intensive care. Dat ferskilt mei de wiken dêrfoar, doe’t der mar in inkeling opnommen wurde moast.

De 1468 nije besmettingen bringe it totaal oan positive testen op 46.996. Der binne yn Fryslân no sûnt it begjin 477.855 meunsters ôfnommen.

De gemeentlike besmettingssifers (tusken heakjes foarige wike)
Ljouwert 264 (212), Súdwest-Fryslân 210 (258), Smellingerlân 180 (195), De Fryske Marren161 (201), It Hearrenfean 153 (168), Opsterlân 103 (94), Waadhoeke 69 (38), Eaststellingwerf 60 (46), Achtkarspelen 58 (59), Tytsjerksteradiel 51 (29), Noardeast-Fryslân 43 (41), Harns 39 (24), Weststellingwerf 35 (22), Skylge 15 (7), Dantumadiel 14 (17), Amelân 8 (54), Skiermûntseach 3 (0) en Flylân 2 (2).

july 25, 2021 11:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.