Wykoersjoch koroanasifers 9 o/m 15 july 2021

july 17, 2021 07:42

Seiskear safolle nije besmettingen

It tal nije koroanabesmettingen is yn Fryslân yn in wike tiid mear as ferseisfâldige: 1467 positive testen tsjin 229 de wike dêrfoar. Yn twa wiken is it tal besmettingen likefolle omheech gien as dat it yn de tsien wiken dêrfoar sakke.

Ferspraat oer de provinsje binne der sa’n tachtig klusters mei minimaal trije besmettingen dy’t oaninoar te keppeljen binne. It giet benammen om kafees en dûnsgelegenheden. Yn de gemeenten mei de grutste hoarekaklusters binne de besmettingssifers it heechst (Ljouwert, Súdwest-Fryslân, Smellingerlân, It Hearrenfean, De Fryske Marren en It Amelân). Twa wike lyn wiene der gjin klusters.

De 1467 besmettingen fan de ôfrûne wike bringe it totaal oan Fryske positive testen op 45.530. Der binne no 469.500 monsters ôfnommen by ynwenners fan Fryslân. Der moast yn de ôfrûne wike ien persoan yn in sikehûs opnommen wurde en der wie ien stjergefal oan koroana.

Gemeentlike besmettingssifers (tusken heakjes foarige wike):
Súdwest-Fryslân 258 (34), Ljouwert 212 (44), De Fryske Marren 201 (22), Smellingerlân 195 (22), It Hearrenfean 168 (26), Opsterlân 94 (8), Achtkarspelen 59 (11), It Ameland 54 (0), Eaststellingwerf 46 (9), Noardeast-Fryslân 41 (21), Waadhoeke 38 (3), Tytsjerksteradiel 29 (5), Harns 24 (2), Weststellingwerf 22 (17), Dantumadiel 17 (4), Skylge 7 (1), Flylân 2 (0) en Skiermûntseach 0 (0).

july 17, 2021 07:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.