Wêrom is de wetswiziging om it Frysk fierder te emansipearjen skrast?

july 8, 2021 23:53
Troch Henk Wolf

Tafallich krige ik dizze wike in konsept-ferzje ûnder eagen fan de Memoarje fan taljochting by de Wet gebrûk Fryske taal. Dy wet regelet wannear en hoe oft oerheden en minsken dy’t mei oerheden kommunisearje it Frysk brûke meie. De Memoarje fan taljochting is in stik dat by elke Nederlânske wet sit en dat der wat achtergrûnynformaasje by jout.

Kêst 3 fan de Wet gebrûk Fryske taal bepaalt dat boargers tsjin oerheidsynstellingen yn Fryslân it Frysk brûke meie, mar dat dat net mei as de oerheid freget om dat net te dwaan. Dêrmei is it brûken fan it Frysk dus eins gjin rjocht, want it amtner kin ien oplizze om Nederlânsk te brûken. Sa stie it ek al earder yn in oare wet, de Algemene Wet Bestuursrecht. It is eins gewoan knipt-en-plakt nei de Wet gebrûk Fryske taal ta.

It gekke is dat de Twadde Keamer blykber earder wol fan doel wie om fan it Frysk brûken tsjin de oerheid in echt rjocht te meitsjen. Yn de konsept-ferzje fan de Memoarje fan taljochting by de konsept-ferzje fan de Wet gebrûk Fryske taal stiet nammentlik it folgjende:

Artikel 3 [konsept]
Artikel 2:7 van de Awb bepaalt dat een ieder de Friese taal kan gebruiken in het verkeer met bestuursorganen voor zover deze in de provincie Fryslân zijn gevestigd. Wel kunnen bestuursorganen verzoeken de Nederlandse taal te gebruiken op de grond dat het gebruik van de Friese taal tot een onevenredige belasting van het bestuurlijk verkeer leidt. Een bepaling dat het gebruik van het Fries tot een onevenredige belasting van het bestuurlijk verkeer leidt, past in zijn algemeenheid niet in het streven van het kabinet naar een gelijke positie voor het Fries en het Nederlands in de provincie Fryslân. Daarom wordt in dit wetsvoorstel deze uitzonderingsbepaling geschrapt. Alleen voor de Waddeneilanden en de gemeente Weststellingwerf blijft de bestaande uitzonderingsbepaling gehandhaafd, omdat in deze gemeenten het Fries amper wordt gebruikt als omgangstaal van de bevolking.

Dat wie in moaie emansipatoaryske opfetting fan de Nederlânske folksfertsjintwurdigers, dy’t goed paste by it provinsjaal belied sa’t dat sûnt 1985 fierd wurdt. Mar op ‘e ien of oare manier is der yn de rin fan ‘e tiid wat feroare, want de Twadde en Earste Keamer ha úteinlik in oare tekst goedkard. Yn de definitive Memoarje fan taljochting stiet it folgjende:

Artikel 3 [definityf]
Artikel 2:7 van de Awb bepaalt dat een ieder de Friese taal kan gebruiken in het verkeer met bestuursorganen voor zover deze in de provincie Fryslân zijn gevestigd. Wel kunnen bestuursorganen verzoeken de Nederlandse taal te gebruiken op de grond dat het gebruik van de Friese taal tot een onevenredige belasting van het bestuurlijk verkeer leidt. Deze bepaling is in dit wetsvoorstel overgenomen.

En sa is it ek kaam. Yn de definitive Wet gebrûk fan de Fryske taal stiet as kêst 3:

Artikel 3 [definityf]
1 Een ieder kan de Friese taal gebruiken in het verkeer met bestuursorganen, voor zover deze in de provincie Fryslân zijn gevestigd, alsmede met de onder hun verantwoordelijkheid werkzame personen.
2 Het eerste lid geldt niet indien het bestuursorgaan heeft verzocht de Nederlandse taal te gebruiken op de grond dat het gebruik van de Friese taal tot een onevenredige belasting van het bestuurlijk verkeer zou leiden.

Dat is letterlik deselde tekst dy’t earder ek yn de Algemene Wet Bestuursrecht stie. Wat de Twadde Keamer lykwols earst yn de Wet gebrûk Fryske taal sette woe, is it folgjende:

Artikel 3 [konsept]
1. Een ieder kan de Friese taal gebruiken in het verkeer met bestuursorganen, voor zover deze in de provincie Fryslân zijn gevestigd, alsmede met de onder hun verantwoordelijkheid werkzame personen.
2. Het eerste lid geldt niet ten aanzien van bestuursorganen van de gemeenten Ameland, Schiermonnikoog, Terschelling, Vlieland en Weststellingwerf indien de bestuursorganen hebben verzocht de Nederlandse taal te gebruiken op de grond dat het gebruik van de Friese taal tot een onevenredige belasting van het bestuurlijk verkeer zou leiden.

Ferlykje lid 2 fan dy konsept-ferzje mar ris mei lid 2 fan de definitive wet. De emansipearjende ferbettering is der foar it Frysktalige part fan Fryslân helendal út helle. No bin ik fansels benijd wêrom oft de Twadde Keamer dat dien hat.

july 8, 2021 23:53
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Lb july 9, 08:14

    “Folk sil hearskje oer folk” (sitaat Jezus)

  2. Frans july 9, 16:57

    De útsûnderingen foar gemeenten Amelân, Skiermûntseach, Skylge, Flylân en Weststellingwerf, dy’t leaver it Hollânsk brûke, binne de oarsaak dat it no sa knipt is dat it Frysk as it ware ‘ferbean’ wurde kin troch amtners, kolleezjes en/of politisy. 

    Sloppe hâlding dus.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.