Waarpraatsje: Waarm wykein

july 16, 2021 19:16

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De sinne hie it freed folle dreger as juster noch tocht waard. It bleau hast de hiele dei skier. It waar foar it wykein sjocht der goed út. It wurdt simmer.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der flinke opklearringen. De wyn komt út it noarden oant noardwesten en is swak, by de kust lâns matich en yn it Waadgebiet frij krêftich. It wurdt 13 graden.

Sneon soe der earst wat bewolking wêze kinne, mar letter skynt de sinne geregeld. De noardewyn is matich, by de kust lâns sa út en troch frij krêftich. De temperatuer leit tusken de 20 en 24 graden.

Snein is der wat mear bewolking, mar it wurdt by in matige noardwestewyn wol in graad as 24. It bliuwt it hiele wykein drûch.

Takomme wike krije wy rêstich simmerwaar. It bliuwt, sa goed as, drûch en it wurdt alle dagen wol (goed) 20 graden.

Jan Brinksma

july 16, 2021 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.