Waarpraatsje: Skier

july 13, 2021 19:38

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in hiel skiere tiisdei, mar der foel net it soad reinwetter. Op woansdei en tongersdei is it ek skier simmerwaar.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn en it soe sa út en troch wat reine kinne. De matige wyn komt út it noardwesten, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in frij krêftige wyn.  Mei 16 graden wurdt it wol in mylde nacht.

Woansdei is it skier en it kin miskien sa út en troch wer wat reine. De noardwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit tusken de 18 en 22 graden.

Tongersdei feroaret der net folle. It bliuwt ferfeelsum waar.

Jan Brinksma

july 13, 2021 19:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.