Waarpraatsje: Simmersk, mei kâns op tonger

july 2, 2021 18:48

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed earst skier, mar geandewei kaam de sinne der hieltyd better by. Wy krije in simmersk en waarm wykein, mar der is wol kâns op in pear (tonger)buien.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder en der kin op in soad plakken damp ûntstean. De swakke wyn komt út rjochtingen tusken it easten en súdeasten. It wurdt in graad as 9.

Sneon skynt de sinne earst flink, mar yn ‘e rin fan ‘e dei nimt de bewolking ta. De kâns op in bui is noch net hiel grut. De wyn is swak oant matich en komt út rjochtingen tusken it easten en súdeasten, mar letter út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit tusken de 21 en 24 graden.

Yn ‘e nacht nei snein ta is de kâns grut dat it wer dampich wurdt. Snein wurdt it in bytsje minder waarm en der is ek minder sinne as sneon. Yn ‘e rin fan ‘e dei is der kâns op in (tonger)bui. By in matige súdwestewyn leit de temperatuer om de 20 graden hinne.

Takomme wike is it ûnstabyl en mei 20 graden noflik simmerwaar.

Jan Brinksma

july 2, 2021 18:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.