Waarpraatsje: Rêstich wykein

july 9, 2021 17:40 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze freed krije wy in wykein mei rêstich simmerwaar.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is der kâns op bewolking, mar in pear opklearringen binne ek net útsletten. By in swakke wyn út ferskate rjochtingen wurdt it 13 graden.

Sneon skynt de sinne sa út en troch, mar yn ‘e rin fan ‘e dei nimt de bewolking ta. De kâns op in bui is yn Fryslân net sa hiel grut. De wyn komt út it súdwesten en is swak. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Snein feroaret der net folle oan it gewoane simmerwaar. Wy sjogge de sinne net in soad, mar it bliuwt wol, sa goed as, drûch. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it 21 graden.

Takomme wike bliuwt it ûnstabyl, mar mei goed 20 graden is it noflik waar.

Jan Brinksma

july 9, 2021 17:40 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.