Waarpraatsje: Noflik simmerwaar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in rûzige tiisdei, mar it waar foar de oare dagen fan dizze wike sjocht der in stik rêstiger út.
Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. De sudewyn jout him stadichoan wat del, mar is boppe it fêstelân noch matich en by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 13 graden.
Woansdei skynt de sinne geregeld, mar der ûntsteane ek hingelwolken en op guon plakken soe in (tonger)bui falle kinne. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich en de temperatuer leit om de 21 graden hinne.
Nei woansdei bliuwt it wat ûnstabyl, mar mei goed 20 graden is it wol noflik simmerwaar.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje