Waarpraatsje: Lang om let wer wat sinne

july 15, 2021 17:35

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in skiere tongersdei en it bleau yn Fryslân net hielendal drûch. Freed sjogge wy nei dagen skier waar de sinne wer ris.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed binne der in pear opklearringen, mar der is, nei alle gedachten, ek bewolking. De wyn komt út it noardwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich en yn it Waadgebiet earst noch krêftich. It wurdt 14 graden.

Freed bliuwt it drûch en geandewei komt de sinne der hieltyd better by. De matige wyn komt út it noarden oant noardwesten. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. Mei goed 20 graden wurdt it in noflike simmerdei.

Yn it wykein is it waarm en drûch mei geregeld (wat) sinne.

Jan Brinksma

july 15, 2021 17:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.