Waarpraatsje: Kreas simmerwaar

july 14, 2021 18:04

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wylst it yn it suden fan Limburch âlderferskuorrendst reind hat, wie it yn Fryslân in kreaze en soele simmerdei. Tongersdei feroaret der noch net folle.

Yn ‘e nacht nei tongersdei ta is de loft berûn, mar in opklearring is ek net útsletten. It bliuwt nei alle gedachten, sa goed as, drûch. De wyn komt út it noarden oant noardwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. It wurdt 16 graden.

Tongersdei is it wer skier, mar wy sille de sinne miskien ek noch efkes sjen. De kâns dat it yn Fryslân drûch bliuwt is frij grut. De matige, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftige wyn komt út it noarden oant noardwesten. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Freed en sneon sjogge wy de sinne ek net in soad. It bliuwt wol noflik simmerwaar.

Jan Brinksma

 

july 14, 2021 18:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.