Waarpraatsje: kâns op ûnwaar

july 23, 2021 19:35

Foto © Jan Brinksma

Fannacht: opklearringen en drûch. De temperatuer sakket nei sa’n 14 graden. De wyn is swak oant matich en komt út it noardeasten.

Moarn: de dei begjint sinnich mar út it suden wei nimt de bewolking ta. Moarntemiddei en foaral moarntejûn kinne lokaal (ûnwaars)buien ferwachte wurde. De temperatuer sil yn ’e middei oant sa’n 27 à 28 graden oprinne kinne. De eastlike wyn is swak oant matich. Middeis wurdt er feroarlik.

Snein: ek wer kâns op ûnwaarsbuien en soel waar.

Waarnimmer

july 23, 2021 19:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.