Waarpraatsje: Kâns op in bui

july 11, 2021 19:54

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in wykein mei rêstich simmerwaar en in noflike temperatuer krije wy in ûnstabile wike mei kâns op fikse buien.

Yn ‘e nacht nei moandei ta binne der opklearringen en op guon plakken kin wat damp ûntstean. By in swakke wyn út ferskate rjochtingen wurdt it 14 graden.

Moandei skynt de sinne earst sa út en troch, mar geandewei rekket de loft berûn en op guon plakken kin in bui falle. De wyn komt út it easten en is swak. It wurdt 23 graden.

Tiisdei, woansdei en tongersdei falle der geregeld flinke (tonger)buien.

Jan Brinksma

july 11, 2021 19:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.