Waarpraatsje: Grutte ferskillen

july 12, 2021 19:00

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in neare moandei en it bleau net oeral drûch. Yn ’e omkriten fan de grins mei Grinslân foelen in pear buien. Tiisdei, woansdei en tongersdei binne de ferskillen yn Nederlân tige grut. Yn Fryslân falt it hûndert parten mei.

Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei binne der in pear opklearringen, mar der is ek bewolking. As it opklearret kin der op guon plakken wat damp ûntstean. By in swakke oant matige noardewyn wurdt it 16 graden.

Tiisdei is it yn it suden fan Nederlân in wiete boel, mar yn Fryslân bliuwt it, sa goed as, drûch. Wy sille de sinne net in soad sjen. De wyn komt út it noarden en is swak, by de kust lâns matich oant frij krêftich. De temperatuer leit om de 21 graden hinne.

Woansdei en tongersdei bliuwt it skier mar mei in noflike temperatuer.

Jan Brinksma

july 12, 2021 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.