Vodafone-Ziggo lûkt stekker út kabelradio

july 6, 2021 08:20

Nei hast sechtich jier komt der in ein oan radio fia de kabel. Lytsere kabelbedriuwen holden der al mei op en no is ek Vodafone-Ziggo yn ferskate regio’s it sinjaal oan it ôfsluten. Ein dit jier is it radiosinjaal by alle klanten fan it kabelbedriuw ferdwûn.

Foto: pixabay.com

Tiisdeitemiddei giet de stekker derút yn de regio Rotterdam. De ôfrûne moannen binne klanten fan it bedriuw derop wiisd dat se aksje ûndernimme moasten. As se neat dien ha, hearre se neat as se de radio oansette.

Der binne ferskate manieren om radio te harkjen. Fia de eter, de dekoder fan ynternetleveransiers, DAB+, in DVB-C tuner op ’e telefyzje en online-radio. De oare mooglikheid wie om de kabel fan it kabelbedriuw op ’e radio oan te sluten, mar dy opsje ferdwynt no dus.

Neffens it bedriuw harket noch fiif oant tsien persint fan syn klanten fia de kabel nei de radio. Dat komt del op 200.000 oant 400.000 klanten. It ôfsluten fan it sinjaal is neffens it bedriuw nedich om ekstra tsjinsten oan te bieden. Klanten fan Vodafone-Ziggo kinne in fergeze FM-antenne bestelle of in dekoder keapje dy’t se op ’e fersterker oanslute kinne.

Vodafone-Ziggo seit mei lokale omroppen gear te wurkjen om op dy wize harkers derop te wizen hoe’t se tenei wol harkje kinne. Guon lokale omroppen binne fia de dekoder lykwols hielendal net te finen. It kostet nammentlik inkelde hûnderten euro’s yn ’e moanne en dat jild hat net eltse omrop.

july 6, 2021 08:20
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer july 7, 13:27

    Der wie al yn 1921, dus hûndert jier lyn begûn mei radio fia kabel. Dit waard úteinlik “Draadomroep” ek radiodistrybusje neamd,en wie útfierd troch de P.T.T., de foarrinner fan ‘e K.P.N.. Ûnder de besetting troch de Dútske nasjonaal-sosjalisten fan 1940 oant 1945 wie dit de ienichste manier om legaal nei de radio te harkjen. Der waarden mar fjouwer kanale trochjaan, Hilversum 1 en 2 en op de oare twa kanalen in kompilaasje fan Bûtenlânske programma’s.(nei 1965 kaam op it tredde kanaal Hilversum 3). Foardiel wie de goede kwaliteit. Yn 1975 stoppe de P.T.T. mei de Draadomroep. Mar doe wiene de foarrinners fan Ziggo en Kabelnoord al begûn mei radio fia kabel.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.