Utbraak Braziliaanske koroanafariant krekt oer Dútske grins
Resint ferskynd

De nije Braziliaanske foarm fan it koroanafirus hat op syn minst seis personielsleden besmet op in bedriuw yn Essen – net de stêd yn in Ruhrgebiet, mar in doarp ticht by Drinte, net fier oer de Dútske grins. By 40 minsken op it bedriuw is koroana fêststeld, mar it is noch net dúdlik mei hokker fariant fan it firus oft hja besemet binne. 130 meiwurkers moatte yn karantêne.
It giet om in grut slachthûs mei 1600 man personiel. De Braziliaanske foarm fan it firus is der nei alle gedachten bedarre troch minsken dy’t it op fakânsje skipe hawwe.
De Braziliaanske foarm fan it koroanafirus wurdt ek wol de gammafariant neamd. Hy is besmetliker as de oare farianten fan it firus en de faksins wurkje minder goed om sykte foar te kommen by minsken dy’t mei it firus besmet reitsje.
Yn Súd-Amearika is de gammafariant wilens tige gewoan, mar yn Europa noch net. Yn de dielsteat Nedersaksen, dêr’t Essen by heart, is er by 32 minsken oantoand. Yn Nederlân is by likernôch ien persint fan ‘e oantoande koroanabesmettings sprake fan it Braziliaanske firus.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje