Twatalige plaknammen
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Ik bin it meastentiids tige iens mei de ynstjoerde stikken fan Pyt Kramer út Mildaam, mar sa net mei syn stik yn de LC fan 3 july oer twatalige plaknammen. Hy pleitet tsjin ientalich Fryske plaknammen, hy fynt se diskriminearjend, want it soe net tafalle foar Hollânsktaligen om bgl. de namme Frjentsjer út te sprekken. No tink ik dat Kramer Hollanners ûnderskat. Ik achtsje harren snoad genôch om Fryske nammen út te sprekken sa’t se ek by steat binne om drege Ingelske of Frânske nammen út te sprekken.
Mar dat is net it punt, ik bin bang dat Kramer net hielendal trochhat wêr’t it om giet. It giet derom dat as plaknammen offisjeel in Fryske namme krije, dy registrearre wurde yn de BAG (Basisregistraasje Adressen en Gebouwen). Yn dat geval meie de Fryske nammen brûkt wurde yn de kommunikaasje mei oerheidsorganen as belestingtsjint, UWV, rjochtbank, treinstasjons, ensfh. Op hânwizers kinne dan ek de Fryske nammen brûkt wurde, lykas no al it gefal is mei bgl. Menaam en De Westereen. As wy wolle dat it Frysk ea as folweardige taal yn Fryslân brûkt wurdt, dan is dat wer in stapke yn de goede rjochting.
Jehannes Elzinga
Frjentsjer
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje