Tsientûzenen AstraZeneca-faksins nei alle gedachten ferneatige

july 21, 2021 09:36

By húsdokters yn Nederlân lizze noch tsientûzenen AstraZeneca-faksins dy’t nei alle gedachten net mear brûkt wurde sille, skriuwt Trouw. De kampanje yn Nederlân foel ôf, ûnder mear fanwege in tige lytse kâns op in slimme bywurking.

Foto: pixabay.com

Neffens de Ynspeksje Sûnens en Jeugd (IGJ) kinne de faksins net nei it bûtenlân transportearre wurde. De kwaliteit fan de faksins dy’t by de húsdokters lizze is net mear garandearre. In part fan de faksins wurdt dus nei alle gedachten ferneatige, seit in wurdfierder fan it ministearje fan Folkssûnens tsjin de krante.

In húsdokter mei hast 10.000 oerbleaune faksins seit tsjin Trouw de situaasje “tige pynlik” te finen. Hy seit de bewarfoarskriften fan it RIVM opfolge te hawwen. “Wy hawwe de kuolkasten oan it alaarmearringssysteem keppele, sadat altyd de juste temperatuer ôf te lêzen is. It grutste part fan de faksins sit noch yn in ticht doaske. En dochs moatte se it jiskefet yn.”

july 21, 2021 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.