Tolve toarnbeisoarten ûntdutsen by toarnbei-ekskurzje Bûtenpost

july 9, 2021 07:22

Ofrûne snein hat brommelekspert Karst Meijer tolve toarnbeisoarten fûn tusken de bosk by Parviljoen MeM en it doarp Bûtenpost. Ien dêrfan, de Rubus nessensis, is tige bysûnder, mei’t de ekspert dy oan liem bûne soarte yn fjirtich jier ûndersyk yn de Noardlike Fryske Wâlden nea tsjinkommen is.

Karst Meijer (foto: Conny Bloemhoff)

Foto: Conny Bloemhoff

It wie yn elts gefal foer foar wer in prachtige en ôfwikseljende toarnbeibloei-ekskurzje foar de tweintich oanwêzigen. De bloei-ekskurzje is lykas wenst de earste aktiviteit fan Wâldpyktoarnbeifeest Brommels! dat yn it wykein fan 28 en 29 augustus wer holden wurde mei.

“De toarnbeistruken stean goed yn bloei. Yn ’e regel kriget men dan ek in protte fruchten yn augustus as de toarnbeien ryp binne”, fertelt Meijer. De aktiviteiten fan it brommelfeest drage it tema ‘Natuerlik ferskaat’ mei omtinken foar it nasjonaal lânskip De Noardlike Fryske Wâlden. Op de webside www.brommelsfestijn.nl presintearret de organisaasje skielk alle aktiviteiten ferspraat oer de ferskate doarpen. By it evenemint jouwe in stikmannich boeren it publyk de gelegenheid om op harren lân om toarnbeien te plôkjen.

Foto: Conny Bloemhoff

july 9, 2021 07:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.