Toerisme yn Fryslân riedt him ta op de takomst

july 8, 2021 08:55

Foto © Provinsje Fryslân

Sil Fryslân him yn de takomst bliuwend ûnderskiede as in provinsje dy’t wat rekreaasje en toerisme oangiet by de tiid is, dan sille besteande sliepakkommodaasjes op ’e tiid fernijd wurde moatte en nije by Fryslân passende akkommodaasjes ûntwikkele wurde moatte. Toerisme Alliantie Fryslân (TAF) en de provinsje sille dat stimulearje mei it Actieplan Vitale Logiesaccommodaties. De Provinsje lûkt oardel miljoen euro út om goede ideeën út de sektor en fan boargers of gemeenten in stap fierder te bringen.

Der wurdt tocht oan sprieding yn tiid (ferbreding fan it seizoen) en regio (nije bestimmingen) en oan it ferwolkomjen fan nije ûntwikkelingen, bygelyks in doarp dat sels in hotel of camping beheart. Of it ûnderbringen fan in fakânsjepark mei húskes yn in koöperaasje, sadat it sosjale aspekt bestean kin neist belangen fan rekreaasje en it ekonomysk gewin. In alle gefallen moatte de plannen passe yn it lânskip en duorsum wêze.

It Actieplan Vitale Logiesaccommodaties kaam ta stân nei petearen mei ûndernimmers, sektorspesjalisten en TAF. Deputearre Avine Fokkens-Kelder is bliid mei de ambisjeuze oanpak: “It is wichtich dat ús gasten in treflike yndruk krije fan Fryslân en harren wolkom fiele. Dat begjint fansels op it adres dêr’t se ferbliuwe: in earste goede yndruk kin mar ien kear jûn wurde. Dêrom stimulearje wy in sûne trochûntwikkeling fan dizze sektor.”

It plan moat liede ta in libbene, eigensinnige en sûne Fryske sektor foar rekreative sliepplakken dy’t bydraacht oan de brede wolfeart fan sawol ynwenners as toeristen. De útfiering fan it plan begjint fan ’t hjerst. Yn de twadde helte fan 2023 moatte de earste resultaten sichtber wêze. It folsleine plan is te finen op: https://www.fryslan.frl/gastvrij/.

july 8, 2021 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.