Sybren Singelsma: In grûnwet is moai, mar mei belied net yn it paad stean!

july 15, 2021 13:11

Skôging

De koroana-epidemy hat Nederlân yn ’e kunde brocht mei in begryp dat wol bestie, mar net botte bekend wie, de funksjonele regio. Hiel yn ’e fierte wist ik wol sawat dat de posysje fan de Nasjonale Plysje kombinearre wurde moast mei de ferantwurdlikheid foar de iepenbiere oarder dy’t by de boargemaster leit. In oantal gemeenten hie dan de boargemaster fan in – meastal de grutste – gemeente oanwiisd as de sjef fan de boargemastersferantwurdlikeid foar de feilichheid yn in beskaat gebiet, de foarsitter fan de feilichheidsregio.

No waard dúdlik dat dy boargemasters wer in sjef fan alle sjefs oansteld hawwe, de foarsitter fan it Feilichheisberied, yn de persoan fan Hubert Bruls. In bestjoerder dy’t fan trochpakken wit, foar de duvel net bang sa’t it liket, koartsein, in geweldige man.
En Hubert Bruls belibbe syn ‘moaiste oere’!

De rjochte man op it goede plak, en as de pleuris útbrekt moat sa’nien kordaat yngripe. Grûnrjochten waarden oan ’e kant skood, de frijheid beheind. Soks kin hiel goed op basis fan artikel 103 fan de Grûnwet, jo witte wol, dy wet dêr’t it regear fan fynt dat we dy better kenne moatte. Miskien in idee dat it regear sels dy Grûnwet ek ris serieus nimt, want yn artikel 103 stiet wol dat guon dielen fan de grûnwet tydlik bûten wurking steld wurde kinne, mar allinich as de útsûnderingstastân ôfkundige wurdt. Dat barde dus net.

Goed, it wie in drokke tiid, okee, mar it resultaat is wol dat alle karantêne- en isolaasje-maatregels gjin grûnwetlike basis hawwe. Yn oare lannen fine se dat ferfelend, want ja, dan geane boargers nei it Konstitúsjoneel Hof en dan rint de oerheid it risiko dat de wetlike basis ûnder it belied dat fierd wurdt weislein wurdt. Dêr hawwe we yn Nederlân gelokkch gjin lêst fan, want wy hawwe gjin Konstitúsjoneel Hof.

Gelokkich hawwe wy noch wol in Ried fan Steat dy’t soms dy rol in bytsje spilet. Wy waarden bygelyks koartlyn bliid makke mei de útspraak dat by it bouwen fan wynmûnen de normale beropsprosedueren yn it ramt fan de miljeu-effektrapportaazje jilde moatte. De sintrale oerheid hie yn 2010 besletten om lokale foarskriften te ferfangen troch in algemien binende wetlike regeling foar de bou fan wynmûnen. Dan koene boargers net yn berop gean en dat is wol sa effisjint.

Al rap kaam der kommentaar fan de nasjonale klimaat-schnabbeler Ed Nijpels: moai dy rjochters, mar de klimaatdoelen meie net yn ’e knipe komme! Want hoe giene de enerzjyregio’s dêrmei om? Mei oare wurden, it doel hilliget de middels en de rjochtssteat mei belied net yn it paad stean.

Jo lêze it fierder goed, enerzjyregio’s. Dy besteane ek, sa’t it liket. Wat der dan fierder noch oan rego’s bestiet soe ik sa gau net witte.

Dan mar wer efkes de grûnwet derop neisjen. Yn de tekst fan de grûnwet leit ferankere dat Nederlân in desintralisearre ienheidstaat is mei in ferdieling fan macht en foech tusken provinsjes en gemeenten. Ik lês neat oer feilichheidsregio’s, enerzjyregio’s of watfoar regio’s dan ek. No wit ik ek dat artikel 135 bepaalt dat der mienskiplike regelingen troffen wurde kinne. Gearwurkje, wa kin dêr tsjin wêze?

Mar it skuorret. Mei in gearwurkingsferbân fan oerheden dat gjin eigen demokratyske legitimiteit ken, wol it plak ynnimme fan dy lokale en regionale oerheden dy’t dy legitimiteit wol kenne? En meie de net demokratysk keazen fertsjintwurdigers fan dy gearwurkingsferbannen de grûnwet út it wurk sette, sûnder demokratyske legitimiteit en sûnder de mooglikheid foar de burger om nei it Konstitúsjoneel Hof te stappen om syn rjochten en frijheden te beskermjen?

Miskien moat premier Rutte noch mar ris goed neitinke foardat er oare lannen oantrunet om út de EU te gean omdat se de basiswearden fan rjochtssteat net respektearje.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
july 15, 2021 13:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.