Streeksimmer yn Fryslân: lekker lokaal ite op fakânsje

july 20, 2021 09:44

De Lekker Tichtby Streeksimmer-fytsrûten binne útwreide. Mear rûten en no ek mei lekkere, lokale duorsume resepten, dy’t men sels meitsje kin, yn it restaurant ite kin of leare klear te meitsjen by ien fan de wurkateliers.

Bernemenu 2.0 (foto: Marcel van Kammen)

Fan ’t simmer kin men wer lekker útwaaie op ’e fyts en ûnderweis genietsje fan it lânskip, de natuer en it hearlike lokale, duorsume iten fan ús Fryske itensprodusinten. De acht ferskillende Lekker Tichtby Streeksimmer-fytsrûte (fan 30 oant 80 kilometer) geane fan bloeiende bermen mei blauwe beien nei rjemmich iis en fan pittige tsiis nei farskbakte bôle en grienten dy’t krekt fan it lân komme.

Lekkere lokale gerjochten
Nij fan ’t simmer: de streeksimmerresepten. In rûte fytse, lokale yngrediïnten sammelje foar in eigen resept en thús – op ’e kemping of yn in fakânsjehúske – in hearlik sûn miel siede. De resepten fan de rûte De Fryske Marren yn de Súdwesthoeke binne troch studinten fan it ROC De Friese Poort makke. Mei de lokale duorsume yngrediïnten hawwe se smaaklike resepten betocht mei in koarte tariedingstiid en simpel te meitsjen, ek op in kempinggassteltsje.

Studinten Friese Poort (foto: Simon Bijlsma)

By de rûten om It Hearrenfean hinne en Ljouwert-Burgum kin men in echt bernemenu 2.0 byinoar fytse. It bernemenu 2.0 is in inisjatyf fan Jong Leren Eten (JLE) Fryslân. It idee is om yn alle gemeenten yn Fryslân sûne en duorsume resepten op ’e menukaart te setten. Yn it Noardeasten en Noardwesten fan Fryslân kin men fan ’t simmer ek hearlike yngrediïnten byinoar fytse. Mem Mascha hat foar de omgongen Lauwersmar-Waadkust en Frjentsjer-Harns in resept foar in hearlik miel gearstald.

Bernemenu 2.0 op ’e kaart
Op fakânsje en wol nocht om mei de bern te fytsen mar net yn itensieden. Oan de fytsrûte Ljouwert-Burgum leit Restaurant De Pleats en dat hat sûnt juny 2021 it sûn, lokaal en duorsum bernemenu 2.0 op ’e kaart. Yn ’e Súdeasthoeke binne jo by Restaurant Hof fan de Koning op It Hearrenfean wolkom foar it bernemenu 2.0.

Foto: Simon Bijlsma

Itensiedwurkateliers op gastfrije lokaasjes
De resepten kin men ek mei Mem Mascha klearmeitsje by ien fan de trije wurkateliers. De wurkateliers binne yn july en augustus op trije ferskillende plakken yn Fryslân: oan it wetter by Wettersportkemping Heech, op it hiem fan de biologyske pleats fan Folkert en Karin yn Lekkum en by it Museum ’e Fiskershúske yn Moddergat. Foarôfgeand oan it itensiedwurkatelier kin men mei bern in rûnlieding op ’e pleats krije mei as ôfsluting in aardige aktiviteit of in besite oan it museum.

De data en mooglikheden om oan te melden binne te finen op www.eetbaarfryslan.frl/streekzomer.

De aktiviteiten mei lekker lokaal iten op fakânsje binne ta stân kommen troch it gearwurkjen fan de Fryske Miljeufederaasje, Jong Leren Eten en Circulair Fryslân.

july 20, 2021 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.