Snits beweecht: nije sport- en beweechrûte Tinga

july 22, 2021 08:46

Sporten en bewegen yn de wyk Tinga yn Snits kriget in flinke ympuls as it oan de gemeente leit. Yn de wyk komme fjouwer ferskillende kuierrûten. It kolleezje fan B&W hat besletten om der € 147.200 foar beskikber te stellen. De plannen binne yn oerlis mei de wyk ta stân kommen. Sa waarden buertbewenners, it wykpanel en de yn de wyk fêstige sportferieningen behelle. De start fan de wurksumheden is foar begjin septimber plend. It is de bedoeling dat de folsleine sport- en beweechrûte yn oktober oplevere wurdt.


Wethâlder Bauke Dam: “Sporten en bewegen is wichtich. It is net allinnich sûn, it wurket ek ferbinend. Mei de sport- en beweechrûte drage we mienskiplik by oan de fitaliteit fan de ynwenners en de leefberens yn de wyk. De nije rûten wurde oantreklik, feilich en tagonklik foar elkenien.”

Neist de bydrage fan de gemeente kamen ek tasizzingen fan it Iepen Mienskipsfûns (Provinsje Fryslân), Wykorganisaasje De Spil (yn gearwurking mei it Ald Boargerweeshûs) en Jumbo Supermerken. De folsleine ynvestearring bedraacht € 176.700. De útwurking en útfiering fan it projekt is yn hannen fan HCL Projectmanagement út Burgum.

Foar elkenien wat
Twa rûten, yn de wyk sels, hawwe in ôfstân fan 1,5 oant 3,5 kilometer. De twa oare rûten (sân en tsien kilometer) gean fia de omlizzende plakken Drylts en Jutryp. Eltse rûte hat syn eigen foarsjennings. Om bûtenfitness yn de wyk te befoarderjen wurdt in multyfunksjoneel sportfjildsje oanlein en wurde op ferskate plakken ferskillende typen sport- en bootcamptastellen pleatst. Dêrneist wurdt ek de skatebaan foar begjinners oanpast, sadat begjinners en skaters mei ûnderfining skieden faninoar oefenje kinne.

De tastellen komme deunby in hurdrinrûte dy’t in protte brûkt wurdt. Dêrtroch kinne sporters en bootcampers harren rinomgong mei krêftoefeningen ôfwikselje. Der is ek in lokaasje mei in moai útsjoch en der wurdt in multyfunksjonele beweechbank delset.

Mei in QR-koade kinne de brûkers aanst op in webside terjochte dêr’t mear ynformaasje te finen is oer de rûten, de tastellen en de ûnderskate lokaasjes by de rûten lâns. Spesjaal foar it projekt wurdt de nije webside www.sneekbeweegt.nl boud.

july 22, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.