Skiednis fan Grou komt mei AR-rûte ta libben

july 2, 2021 08:54 Fernijd

Op 3 july 2021 komt in stikje fan de skiednis fan Grou ta libben mei de AR-rûte Histoarysk Grou. AR stiet foar ‘augmented reality’. In kuiertocht troch Grou nimt minsken firtueel mei fan hjoed-de-dei nei it ferline en fia it ferline wer werom nei hjoed.

Boarne: Stichting Promotie Grou

Grou sit fol mei histoaryske ferhalen en kultuer. Njoggen hichtepunten dêrfan wurde by de kuiertocht beljochte. De start is by de 12e-iuwske Sint-Pitertsjerke mei syn prachtige Van Dam-oargel. De kuierder wurdt der firtueel ynlitten om de tsjerke  te besjen. De tocht giet fierder troch de strjitten en gloppen en der wurdt efkes stilstien by it ferhaal fan de GW-skou en it skûtsjesilen, it skipkesilen fan doe en no. Eeltsje Halbertsma fertelt syn ferhaal by syn stânbyld en Joast Halbertsma docht dat by it Halbertsmahûs. By it eardere Riedhûs wurdt in geheim ûntbleate. Der is ek omtinken foar it Sint-Piterfeest, dat al mear as hûndert jier troch jong en âld yn Grou fierd wurdt. It leugenbankje moat ek net fergetten wurde. Wat in ferhalen binne dêr ferteld en noch te fertellen.

De kuierrûte is fergees del te heljen fia de MeAR Fryslân-app. Sa kin men op ynteraktive wize mei jins snoadfoan/tablet dingen sjen dy’t der net echt binne troch middel fan augmented reality (AR). De AR-rûte Histoarysk Grou is yn opdracht fan de Stichting Promotie Grou makke yn gearwurking mei it doarpsargyf, de Krite Grou en in protte ynwenners fan Grou. De brûker kin sels in taal kieze (Frysk, Nederlânsk, Dútsk of Ingelsk). De fergeze app is te krijen yn de Appstore of de Google Play-store. Underweis wurket de app offline.

july 2, 2021 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.