Sjoernalist Peter R. de Vries delsketten, fertochte oppakt
Resint ferskynd

Tiisdeitejûn om healwei achten hinne hat ien sjoernalist Peter R. de Vries yn ‘e holle sketten. De Vries leit slim ferwûne yn it sikehûs. De plysje hat in man oanhâlden dy’t fan de misdie fertocht wurdt.
De Vries waard yn de Amsterdamske Lange Leidsedwarsstraat op ‘e dyk besketten. De plysje hat te witten dien dat de skutter in ljochtbrún fel hie en in kamûflaazjejas oanhie. Hy hie in swarte pet op.
De plysje hat ek ien oanhâlden. De oanhâlding krige syn beslach op sneldyk A2 by Breukelen. Oft it dêrby om deselde persoan giet, is net bekend.
De Vries is bekend as misdiesjoernalist. Hy hie krekt by de opnamen fan it telefyzjeprogramma RTL Boulevard west om te fertellen oer in saak dêr’t er oan wurke. Hy die yn it ferline wolris te witten dat er bedrige waard. Hy waard troch de plysje befeilige, om’t er de kroantsjûge yn in grutte Amsterdamske moardsaak bystie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje