Sineeske astronauten meitsje romtekuier

july 6, 2021 08:32

De bemanning fan it Sineeske romtestasjon yn oanbou Tiangong hat in earste romtekuiertocht makke, berjochtsje steatsmedia yn Sina.

Makette fan de Tiangong 2 (foto: Wikipedia/Leebrandoncremer – CC BY-SA 4.0)

Sneintemoarn giene twa fan de trije stasjonearre astronauten it romtestasjon út. Astronaut Liu Boming mocht as earste troch it iepeningslûk. Hy waard fia in meganyske earm nei in wurkplak brocht. De oare, Tang Hongbo, klom sels nei bûten ta. Bomings earste reaksje wie: “Wow, wat is it hjir prachtich.”

De romtekuier duorre sân oeren. Der stiet ek in twadde kuiertocht plend. De Tiangong is noch yn oanbou. Ein maaie waard de earste module lansearre. Ein takom jier moat it stasjon klear wêze.

Besjoch in filmke fan de kuier op YouTube.

july 6, 2021 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.