Simone Djurrema: Allegearre bistkes

july 3, 2021 07:10

Kollum

Myn griente docht it knap! Wy ite faak farsk slaad út ’e tún op ’e bôle. Sa stadichoan sil ik wol better ynskatte kinne hoefolle oft ik nedich ha om hiele saladen te meitsjen. De tomateplanten bloeie en ik sil meikoarten grienten foar de hjerst siedzje en plantsje. Fan bistkes haw ik noch gjin lêst hân. Der sitte gjin skimmels op ’e planten en der wurdt (noch?) net yn om fretten.

Mar oare bistkes binne der wol! Ferfelende ek noch, sokken dy’t ús pleagje wolle. Op ’e bleate fuotten yn ’e tún omrinne is der hjir bygelyks net by. Der kinne nochal wat tiken omkrûpe. Ik moat sizze dat it dit jier net sa mâl giet. Ik fernim it altyd oan de kat; as ik der alle dagen in pear ôfplukke moat, wit ik genôch. Mar op it stuit is it miskien ien yn ’e wike of sa, dat dat falt oant no ta wol wat ta.

Ik haw ek wolris oer neefkes ferteld. Bûten kinne se wol wêze jûns, mar net safolle, en se komme hast nea yn ’e hûs. Hearlik is dat! Yn Fryslân hie ik yn de sliepkeamer gaasramtsjes en ik waard hast hystearysk as ien fergetten wie om dy ticht te dwaan, want dan wie it grif wer safier. Dan jankten se ús om ’e kop. Hindrik jout der neat om, mar my moasten se altyd hawwe. Ik bin ek sa’n lekker ding no? Sweden stiet bekend om de neefkes. Op Sweedske websites fleane de fragen en tips jin as neefkes om ‘e earen as de earste fakânsjes wer pland wurde. En it wimelet yn Sweden mei reklames fan middeltsjes en apparaten dy’t de neven op ôfstân hâlde moatte. Of just lokje en fermoardzje. It is dúdlik net yn alle dielen fan Sweden gelyk. Wy hoege dus gelokkich al dy dingen net!

Foto © SD

En dan hawwe we ús bijen noch. Wy hawwe al in pear kear mei in profesjoneel bedriuw besocht om se fuort te krijen, mar se kamen hieltyd werom. It skynt dat nije swaarmen op in grutte ôfstân rûke kinne dat der in nêst sitten hat en as dat net hielendal tichtmakke is, sit der samar wer in nije swaarm yn. In pake-en-beppesizzer fan minsken dy’t yn ús hûs wenne hawwe, fertelde my dat salang as it har heugde der bijen ûnder dit dak wenne hawwe. Har pake en beppe hiene der ek al faker as ien kear wat oan dien, mar it wie nea slagge. Dy hiene it mar akseptearre, en dat dogge wy no ek. As it dak ris ferfongen wurde moat, sille we besykje om derfan ôf te kommen, mar oant salang meie se bliuwe. As ik op ’e wc boppe sit, hear ik de warbere bijen wol. Alle jierren swaarmet de helte út en ferline jier fleagen se net sa fier: se ferhuzen nei in pear dakpannen fierderop. Wy hawwe no dus twa nêsten. Jammer dat we der net by kinne, oars hiene we lekkere huning hân!

In pear wike lyn waard it wer ûnrêstich. Dan binne it allegearre bijen om ’e hûs hinne en se fleane as raketten hinne en wer. As it wer safier is, rop ik de hûnen yn ’e hûs en doch ik alles ticht, want as se ûnder in oare dakpanne wenje wolle, kinne se it miskien ek wol binnendoarren besykje en dat giet my dan wer krekt wat te fier.

Meastal ferdwine se, mar dizze kear bleau it ûnrêstich yn ’e fruitbeammen. Ik stjoerde Daniel (de buorman dy’t jimme al in bytsje kenne, deselde dy’t my holpen hie mei in nokpanne en dy’t de greide yn ’e fik stiek) foar de aardichheid fia Messenger efkes in filmke. Ik tocht, hy hat bijen hân, dat hy fynt it misskien wol aardich. Doe’t ik letter nei de fruitbeammen gie, seach ik dat der in kloft yn in beam hong. Dêr hoech ik se net! No hie ik begrepen dat ik dan in bepaald nûmer belje kin en dat der dan ien komt om it nêst op te heljen. ‘Jour’ hjit dat. (Dat haw ik nea hielendal begrepen, yn it Frânsk betsjut dat ommers ‘dei’, mar hjir betsjut it ‘oproptsjinst’, bygelyks de dokterswacht bûten de gewoane iepeningstiden om, ek yn ‘e nacht dus. En dat neame se jour…) Yn alle gefallen, ik krige gjin gehoar en tocht, dan besykje ik it letter noch ris.

Foto © SD

Ik krige yntusken in sms’ke fan Daniel: “Do hast de jour belle, ik sit yn in gearkomste, ik belje straks werom.” Ik gie derfan út dat er op it filmke reagearre en ferkeard typt hie. Hy soe wol bedoele dat ik de jour belje moast, en dat hie ik ommers al dien. Ik belle noch mar in kear en wa nimt op? Daniel! Ik lake! “Bisto de jour!”
“Ja, ik antwurde dochs?”
“Ik tocht datst ferkeard typt hiest! Do bist ek oeral!”
It die bliken dat Daniel by dy feriening oansletten is dy’t trochferbynt nei de ymker dy’t it tichtste by wennet, om de swaarm te fangen. Hy hat ús folkje adoptearre en se wenje no by him.

Hindrik en ik wiene ferline sneon by Daniel en de frou, Carina, op besite. Wy mochten priuwe fan in stik huningraat, hearlik! Wy kochten fuort mar in pear potten huning. Miskien kinne we oer in pear moanne wol huning fan ‘ús’ bijen fan him keapje.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

 

july 3, 2021 07:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.