Simmer yn Súdwest fan start

july 20, 2021 09:04

Op moandei 12 july joegen wethâlders Mark de Man en Bauke Dam it startskot foar in simmerfakânsje lang fergeze aktiviteiten yn gemeente Súdwest-Fryslân. Sa drumden se yn Penjum op de Buertkemping SoCo, toanden se harren aktearkeunsten yn in toanielwurkatelier fan kultuerburo Akte 2 yn Boalsert en giene de beide manlju yn Snits de útdaging oan op de whipe-out-baan fan beweechploech Súdwest-Fryslân.

Foto: Kirsten Dijk

Goed 400 entûsjaste bern en jongelju diene yn de earste fakânsjewike mei oan alle sport- en spulaktiviteiten, kulturele en kreative wurkateliers of se kamen mei harren âlden om fakânsje te fieren op ’e buertkemping. Yn totaal stean der yn seis wike tiid mear as 140 ferskillende en aardige aktiviteiten op it programma.

Lykas Studio Stoereloer fan 27 o/m 30 july yn Snits. Spesjaal foar bern fan 6 o/m 13 jier binne dan by it gebou fan So&Co oan de Gonggrypsstrjitte 52 allegear aardige, grappige, stoere en fergeze wurkateliers, oanbean troch kultuerburo Akte 2. In eigen raket bouwe of leare hoe’t mei tin in geloksmunt getten wurdt, by al sokke aktiviteiten kinne bern fan alles ûndekke en harren fantasij frij  syn gong gean litte.
Studio Stoereloer is in inisjatyf fan byldzjend keunstners om bern út te daagjen om ris wat oars te dwaan. Mei dy profesjonals leare se mei ferskillend ark en materiaal om te gean.

Yn Boalsert is op 3 en 4 augustus Muzyk yn it park. Dêr kinne bern mei ferskillende ynstruminten besykje oft it wat foar harren is.
Op 5 en 6 augustus is Drylts oan bar mei Muzyk by de fontein. Mei-inoar meitsje de bern dêr in moai muzyknûmer. Elkenien mei meidwaan. Wol foarôf oanmelde.

It waarsfoarútsjoch liket noch hieltyd goed, mar de oerheid kin noch wol oanskerpe maatregels ynstelle. Fia de webside wurdt elkenien dêrfan op ’e hichte brocht. Dat is te finen op de aktiviteitekalinder fia www.simmerynsudwest.frl, dêr’t mear ynformaasje te finen is en dêr’t de bern har ek op oanmelde kinne.

july 20, 2021 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.