Sikke Neurich: Rollatorrace

july 10, 2021 07:00 Fernijd

Kollum

Okkerdeis stie der in nijsgjirrich artikeltsje yn ’e krante. As bewenner fan Fryslân kin men jild oanfreegje foar lytse iensumens- en leefberensprojekten yn dizze koroanatiid. As foarbylden waarden neamd it útdielen fan tulpen en it meitsjen fan muzyk by fersoargingshuzen. Men moat letter wol oantoane kinne dat it jild dat derfoar skonken is, sa’n 500 euro, ja, ja… yndied oan de aksje bestege is. En dat moat mei it oanleverjen fan foto’s barre.

It hie my daliks yn ’e besnijing en nei in tiidsje myn fantasy derop loslitten te hawwen, skode ik in wike letter oan by de bewennerskommisje fan soarchsintrum In Noflik Utein by ús yn ’e stêd. Myn idee om op in dei in rollatorsrace te organisearjen krige in breed ûnthaal. Myn buorman Eise bea spontaan syn help oan doe’t er fan myn plannen hearde.

En sa steane we in wike letter mei in tweintichtal bewenners mei in rollator op it gersfjild achter it sintrum. De earste opdracht is frij simpel. Alle tweintich dielnimmers wurde opsteld by in startstreek en moatte sjen litte wa’t as earste de finish 50 meter fierderop berikt. Ien, twa, trije en… los. As in keppel kij dy’t foar’t earst wer nei bûten kinne, stuiterje en wrakselje se alle tweintich nei de oare kant. Jouke de Haan skoot as earste oer de finish. Twad is Joukje Elzinga. Alle sporters komme úteinliks hymjend oer de streek.

Dan moat it twadde ûnderdiel útfierd wurde. Eise hat in provisoarysk brechje oer de fiver oan de oare kant fan it gersfjild oanlein. De opdracht is no om 25 meter ôf te lizzen, mar diskear moatte se wol oer it brechje hinne rôlje. Gjin beswier. En wer fleane se útein nei’t de start ôfteld is. Mar dan… Krekt as Hindrik Vloetstra as earste oer it brechje skeuvelet sjitte de planken los. Hindrik klapt rjocht oer de rollator hinne en rôlet sa de fiver yn. Joukje, mei fuort achter har oan Wytse Kooiker, saait langút oer Hindrik syn rollator as Wytse har fan achteren raamt. Mei de earms wiidút en lûd roppend leit Eise de race stil. Ik haw my dan al yn ’e fiver sakje litten en krij Vloetstra mei grutte ynspanning op ’e kant. Eise hat Kooiker en Joukje dan al út ’e tiis helle. De 17 oare dielnimmers steane fersuiske it tafriel oan te sjen. De skea falt ta. Vloetstra wurdt gau nei binnen brocht en de oare twa rinne al rillegau wer achter de rollator op harren keamer ta. It rint lokkich allegear mei in skamper ôf.

As ik in wike letter by Hindrik Vloetstra de keamer yn rin, sjocht er my glimkjend oan. “Nea safolle omtinken hân as de lêste wike”, seit er. Sjoch, dan hat it hiele barren dochs noch genôch opsmiten. Moai, net? De 500 euro is oan it opknappen fan it brechje opgien. Ien fan de foto’s dy’t Eise syn frou makke hie is yn ’e krante kommen.

july 10, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.