Servys Maria Louise werom yn har Stedspaleis Prinsessehof

july 25, 2021 08:53

In bysûnder Meissenservys is taheakke oan de fêste Maria Louiseseal yn it Prinsessehof. It servys hearde ta oan Maria Louise van Hessen-Kassel, prinsesse fan Oranje-Nassau.

Foto: Keninklike Samlingen De Haach

It stedspaleis Prinsessehof yn Ljouwert, dêr’t no it Keramykmuseum yn fêstige is, tanket syn namme oan de eardere bewenster. It museum hat de foarwerpen, mei orizjinele bewarkoffer, yn brûklien krige fan de Keninklike Samlingen yn De Haach. Fan no ôf binne dy te sjen yn de spesjaal ynrjochte seal oer it libben fan de prinsesse. It servys is foar it Prinsessehof in kaaistik, in perfekte skeakel tusken de prinsesse en de hjoeddeiske funksje fan har paleis.

Meissen
Yn ien fan de fertrekken fan it Prinsessehof sil it Saksyske Meissenservys stien hawwe. It komt út in ferneamd fabryk en heart ta it ierste Europeeske porslein. It kostbere servys, mei fergulde sulveren ûnderdielen út Augsburg is mei de hân beskildere mei de doetiids tige modieuze sinoiseryen. It ûntwerp foar dy Sineesk ynspirearre foarstellingen is fan de hân fan de ferneamde porsleinskilder Johann Grogorius Höroldt (1696-1775).

Foto: Marc de Fotograaf

Stedspaleis
Sûnt juny 2020 earet it museum Maria Louise mei in eigen seal op de ûnderferdjipping. Oan ’e hân fan portretten, foarwerpen, tekeningen en in fertakke Oranjestambeam wurdt dúdlik dat Maria Louise krusjaal west hat yn it behâlden fan de Oranjedynasty. It Meissenservys is tafoege oan dy presintaasje. Har eardere ytkeamer, no ynrjochte as stylkeamer hielendal neffens de barokke moade fan doe, azemet noch hieltyd de sfear fan it in eardere paleis. It mei stúkwurk fersierde plafond, de houten lambrisearring en de marmeren skou mei fergulde spegellist hearre ta it oarspronklike ynterieur.

Nassausimmer
Fan ’t simmer wurdt yn Ljouwert folop omtinken jûn oan de Nassauskiednis en Maria Louise yn it bysûnder. It simmerjûnspektakel ‘Maria Louise was here’ yn ’e tún fan it Prinsessehof bestiet út fideoprojeksjes op ’e gevels fan it stedspaleis, in spesjaal  dêrfoar komponearre muzykstik en in prikeljend foarprogramma. De fideoprojeksjes, makke troch regisseur Jos van Kan en fideokeunstner Frouke ten Velden, sketse in modern portret fan in sterke frou yn in troch manlju dominearre wrâld. Yn it ramt fan de Nassausimmer kinne besikers de hiele simmer by ferskate kulturele aktiviteiten yn Ljouwert terjochte. Troch stedskuiertochten, lêzingen, teater en miny-eksposysjes yn de fuotleasten fan Maria Louise is de fassinearjende Nassauskiednis fan de eardere hofstêd te ûntdekken.

Foto: Keninklike Samlingen De Haach

july 25, 2021 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.