Ryksuniversiteit Grins en provinsje Fryslân hakketakje oer stúdzje Frysk

july 1, 2021 12:18
De Ryksuniversiteit yn Grins (foto: Wikimedia Commons/Fruggo – lisinsje CC BY 1.0)

Der moat wer in stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit komme. Fierders moat der in perfester Frysk bliuwe dy’t wier in bân hat mei de Fryske taal. Dat seit deputearre Sietske Poepjes. Hja hat de Grinzer universiteit te witten dien dat de tiid en romte foar it Frysk dêr “te krap wurden is”.

De oanlieding is dat de sittende perfester Frysk, Goffe Jensma, ynkoarten mjirkes wurdt. It Fryske provinsjebestjoer is bang dat er net opfolge wurdt troch ien dy’t goed thús is yn it bestudearjen fan de Fryske taal- en letterkunde. De stúdzje Frysk is de ôfrûne jierren ek ferdwûn: men kin no allinne noch it Frysk bestudearje yn it ramt fan de Ingelsktalige stúdzje Minorities and Multilingualism (minderheden en meartaligens).

De stúdzje Frysk wie altyd al lyts en de universiteit hat in protte lytse stúdzjes opheft of fusearje litten. Sa kin men talen lykas Dútsk, Frânsk en Russysk inkeld mar mear bestudearje yn it ramt fan de stúdzje European Languages and Cultures (Europeeske talen en kultueren).

Frou Poepjes wol dat de provinsje Fryslân meiprate mei oer de takomst fan it Frysk op ‘e universiteit en benammen oer wa’t Jensma opfolget. Omdat de provinsje meibetellet oan de stúdzje Frysk is dat neffens har net ûnridlik. Hja seit: “It is net ûngebrûklik dat in partij dy’t meibetellet oan in learstoel ek meisjocht by de ynfolling dêrfan. It Frysk is net samar in learstoel, mar in learstoel mei in polityk profyl. De provinsje hat der belang by en it Ryk trouwens ek.”

De universiteit fielt dêr lykwols neat foar. Wa’t by de universiteit komt te wurkjen en hoe’t stúdzjes derútsjogge, is neffens de universiteit inkeld en allinne in saak fan de universiteit sels. Frou Poepjes seit: “De polityk moat gjin minsken oanstelle, mar hielendal gjin ynfloed is ek in brêge te fier. We moatte hjir in wei yn fine.”

july 1, 2021 12:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan A. Schulp july 7, 12:00

    Sietske, set him op! De kop derfoar! Súkses! Groetnis, Jan Schulp

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.