Rjochtbank sjocht hjoed twa fertochten fan delsjitten Peter R. de Vries (bywurke)

july 9, 2021 10:40
Boarne: Wikimedia Commons – Chris Potter – CC BY-SA 2.0

De rjochter-kommissaris fan de rjochtbank yn Amsterdam hat freed útmakke wat der bart mei de twa fertochten fan it delsjitten fan sjoernalist Peter R. de Vries. De Vries waard tiisdeitejûn yn de Amsterdamske binnenstêd op ‘e dyk delsketten. Hy leit mei slimme ferwûnings yn it sikehûs.

De twa fertochten binne Kamil E., in yn Nederlân wenjende Poal, en Delano G., in Antilliaansk-Nederlânske man út Rotterdam. Kamil E. hat in lang strafblêd yn Poalen en wurdt dêr troch de plysje socht. Delano G. hat yn Nederlân al ferskate feroardielings foar gewelddiedige misdriuwen op ‘e melis. Hy is besibbe oan ien fan ‘e fertochten yn in grutte maffiasaak dêr’t Ridouan Taghi ek by behelle is. Peter R. de Vries stie de kroantsjûge yn de saak tsjin Taghi by.

De plysje tinkt dat Kamil E. de flechtauto bestjoerd hat en dat Delano G. De Vries delsketten hat. De rjochter-kommissaris hat besletten dat de twa ynearsten fêstsitten bliuwe en dat it harren net tastien wurdt om kontakten te ûnderhâlden mei minsken bûten de finzenis.

july 9, 2021 10:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.