Richard Branson bringt as earste beteljende klanten de romte yn

july 11, 2021 10:02

De 70-jierrige sakeman Richard Branson wurdt hjoed nei tachtich kilometer hichte sketten. Hy is dan syn konkurrint Jeff Bezos njoggen dagen foar op it mêd fan kommersjele romteflechten. Bezos wol op 20 july de romte opsykje, op de datum fan de earste moannelâning.

Foto: Wikipedia/SpaceX – publyk domein

Bransons Virgin Galactic krige nei in flaterleaze testflecht tastimming fan de Amerikaanske loftfeartautoriteit FAA. Elon Musk wie mei syn SpaceX-programma ek yn ’e race om de romte foar beteljende klanten te ûntsluten.

Branson rjochte yn 2004 de romtetûke fan syn bedriuw Virgin Atlantic op mei as doel boargers nei de romte te ferfieren, oftewol om romtetoerisme te kreëarjen. Hy woe yn fiif jier klear wêze, mar der wiene nochal wat tûkelteammen, lykas in fataal ûngelok dat in piloat it libben koste. It betrouwen is no sa groeid dat Branson sels oan board stapt om it sinjaal te jaan dat syn bedriuw klear is om passazjiers nei de romte te ferfieren.

De lansearring is by it plakje Truth or consequences yn Nij Meksiko. It memmeskip VMS Eve stiget dêr op, mei it romtereau VSS Unity deroan fêst. Op fjirtjin kilometer hichte lit it fleantúch it romtereau los, en dêrnei start de piloat de raketten ûnder it romtereau om in hichte fan tachtich kilometer te berikken. De flecht duorret njoggentich minuten en de passazjiers sille in koarte tiid gewichtleazens ûnderfine.

Njonken Branson binne trije oare passazjiers oan board. Uteinlik wol Branson ferskate toeristyske romteflechten jiers meitsje. Der hawwe har seishûndert klanten meld dy’t elk 250.000 dollar betelle hawwe, ûnder oaren sjonger Justin Bieber en akteur Leonardo DiCaprio.

july 11, 2021 10:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.