Resultaten AmbachteLab presintearre yn hal Frysk Museum

july 17, 2021 10:24

Oant en mei 29 augustus wurdt yn ’e hal fan it Frysk Museum it einwurk fan it AmbachteLab presintearre. Mei it Kennissintrum Ymmaterieel Erfgoed Nederlân organisearre it Frysk Museum fiif wike lang in projekt dêr’t studinten moade en design fan it Fryslân Kolleezje it ambacht bordueren yn ûndersochten mei tekstyleksperts en moadeûntwerpers as Theodorus Johannes Adriaans en Zyanya Keizer.

Detail út einwurk AmbachteLab (foto: Marieke Balk)

AmbachteLab
It AmbachteLab is in inisjatyf fan it Kennissintrum Ymmaterieel Erfgoed Nederlân út 2018. Dêrmei wurdt oansletten by de oprop fan minister Van Engelshoven om nij gebrûk fan âlde ambachten te stimulearjen. AmbachteLab besiket dêr in konkrete ynfolling oan te jaan. It projekt is rjochte op ferkenning en nijsgjirrigens, en bringt ferskate profesjonals en opliedingen byinoar. Sa wurdt belangstelling en kennisútwikseling oer en wer stimulearre. By de sesjes yn it Frysk Museum skowe studinten Fatima Shariki, Diana Kotanowa en Sieta Posthumus fan it Fryslân Kolleezje oan, lykas Sary Maas, Ans Nout, Theodorus Johannes en Zyanya Keizer.

Haute Bordure
It projekt sleat moai oan op Haute Bordure, in grutte útstalling oer bordueren yn de moade. De útferkochte útstalling is noch oant en mei 18 july te sjen. Online bliuwt de eksposysje beskikber fia hautebordure.friesmuseum.nl.

july 17, 2021 10:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.