Resept foar Dokkumer kofje

july 18, 2021 16:00 Fernijd

Foto: Wikipedia/deramaenrama Flickr – CC BY 2.0

Dokkumer kofje is it Fryske suske fan Irish Coffee.

Yngrediïnten:
– in orizjineel Dokkumer kofjeglês (eventueel in port- of Irish Coffee-glês)
– sterke, hite kofje
– brune sûker
– slachrjemme
– Bearenburch
– brún kandijgrús

Waarmje it glês foar. Dêrnei dogge jo der fjouwer teeleppels brune sûker en in royaal buorrelgleske Bearenburch yn. Dêrnei opfolje mei farsksette, hite kofje oant oardel fingertsjokte ûnder de râne fan it glês. Goed riere oant de sûker oplost is. Healkloppe, dus noch skinkbere slachrjemme oer de bolle kant fan in ytleppel op ’e kofje rinne litte. Dêr oerhinne wat tige fyn brún kandijgrús struie. Net riere en de kofje ûnder de rjemme weidrinke. Tsjoch!

july 18, 2021 16:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.