‘Rechtszaak kan Fries onderwijs helpen’

july 16, 2021 11:29

Rjochtbank Noard-Nederlân, lokaasje Ljouwert; foto © Aant Mulder

Under de kop ‘Rechtszaak kan Fries onderwijs helpen’ publisearre it Friesch Dagblad tongersdei 15 july in artikel mei as opfallende konklúzjes: ”Juristen denken dat een beroep op schenden van mensenrechten mogelijk is” en “Bureau baseert zich op milieuzaak tegen Shell waarin vonnis gewezen werd op 26 mei”.

Pier Bergsma, foarsitter Ried fan de Fryske Beweging

It wie net myn bedoeling, mar it liket my ferstannich om it entûsjasme fan sjoernalist Abe de Vries wat del te bêdzjen en yn breder perspektyf te pleatsen. It memo dêr’t de Vries him op basearret giet hjirby (keppeling ûnderoan). Wa wit komme jo ta deselde konklúzje.

Dat it Frysk yn it ûnderwiis net it plak kriget dat it fertsjinnet, dêr is gjin diskusje oer mooglik. Nei 40 jier ferplichting behearsket noch gjin 20% fan de Fryske befolking it Frysk goed. De Friezen binne analfabeet yn harren eigen taal. De Ried fan de Fryske Beweging docht fan it begjin fan syn bestean ôf alle war om it Frysk in rjochtmjittich plak te jaan, net allinne yn it ûnderwiis.

Wy binne gelokkich net de iennigen. Sa kaam yn 2016 de aksjegroep Sis Tsiis yn desimber 2016 mei in slagge protestmars troch Ljouwert foar better Frysk ûnderwiis. Abe de Vries wie ien fan de inisjatyfnimmers. Benammen yn dy Sis Tsiisgroep ûntstie it idee dat it tiid waard om de rjochter yn te skeakeljen en sa it ryk, de provinsje en de skoallen te twingen om har oan de wet en ôfspraken te hâlden. Want oan wet en ôfspraken gjin brek. Sa hat it Nederlânske regear it ‘Hânfêst foar minderheidstalen’ fan de Ried fan Europa ûndertekene. Ien kear yn de trije jier komt it Committee of Experts fan de Council of Europe del om nei te gean oft de lidsteaten har oan dy ôfspraken hâlde. Ik haw mear as ien kear by dy besiten oanwêzich west om mei oaren ta it oardiel te kommen dat der noch in soad barre moat.

No kom ik werom op it memo dêr’t it artikel fan Abe de Vries him op basearret. De Ried hat dat stik bepraat yn de gearkomste fan moandeitejûn 12 july. Dat koe net wiidweidich, want wy hiene it pas op snein 11 july krige en dus gjin tiid hân om it yngeand te bestudearjen. Wy wiene fan betinken dat oaren as de Ried it memo hawwe moasten. Ommers dy hiene de oanset derta jûn. Boppedat wie Tom Dijkstra as foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis neist de Ried belutsen by it juridysk ûndersyk. Wy hawwe it memo dêrom oan de FFU stjoerd en oan Sis Tsiis. Dat wie mei dizze begeliedende mail fan my:

“Net allinne yn it foarjier fan 2018, mar al earder kaam by guon de fraach op: soe net it better wêze om ris it rjocht yn te setten om it Frysk op skoalle ta rjocht komme te litten. Ik haw doe út namme fan de Ried tasein dat wy der op werom komme soenen.

Dernei hat de Ried wiidweidich dwaande west mei in oriïntaasje. Wy hawwe oerlis hân mei de Politike Kommisje fan de Ried en besocht nei te gean at der guon wienen dy’t publisearre hawwe oer de ferhâlding tusken ôfspraken en tasizzingen op Europeesk nivo en wat lidsteaten dermei dogge. Der waarden wy yn ferbân mei minderheidstalen net fleurich fan. Us earste konklúzje yn de hjerst fan 2020 wie derom dat it amper in begeanbere wei wêze soe en wy hawwe de taljochting derfan jûn yn ús nijsbrief.

Wy woenen as Ried net ivich yn de kont hingje at der striidbere Friezen binne dy’t der oars oer tinke. Wy hawwe dus dernei dochs de fraach foarlein oan de juristen fan Yspeert yn Drachten. Dat wienen Tom Dijkstra út namme fan de FFU, Frank de Boer, juridysk meiwurker fan de Ried en iksels. Ofrûne sneintemoarn 11 july krigen wy harren memo. Dat stjoer ik jimme hjirby.

Wy hawwe dat memo justerjûn, moandei 12 july, yn de Ried bepraat. Wy hawwe der gjin konklúzjes oan ferbûn. It komt op ‘e nij op ús wurklist op ús folgjende gearkomst. Dat is moandeitejûn 6 septimber. Dat jout rom tiid om nei te tinken wat wy hjirmei moatte. Graach net buorkundich meitsje ! It hat gjin doel om fragen te krijen fan Omrop Fryslân, of fan ien fan de beide kranten. Soe ik al frege wurde, dan sil myn antwurd wêze dat ik der op dit stuit neat oer sis, omdat wy der yn septimber in goed oerlis mei oaren op werom komme”.

Jo sille begripe, dat it dus net de bedoeling wie dat der al oer publisearre waard. Hawar, wy moatte soks net dramatisearje. Oft it yndied mooglik is om mei in berop op minskerjochten it ûnderwiis better op poaten te krijen is de fraach, mar der kinne ús lêzers dan de kommende moannen ris oer neitinke. De Ried komt derop werom.

Myn folgjende bydrage oan It Nijs ferskynt op tongersdei 12 augustus. Wy binne pript, hawwe in QR-koade en wy geane nei Frankryk, it moaie waar temjitte. Feie Fonyk en Binne Mosk sitte dêr ek. Ik winskje jo in goede fakânsje ta.

Klik hjir foar it Memo en hjirûnder stiet it FD-artikel:

 

 

july 16, 2021 11:29
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Abe july 16, 13:35

    ,,[M]ar it liket my ferstannich om it entûsjasme fan sjoernalist Abe de Vries wat del te bêdzjen.” Wat is dat no foar lullige opmerking? Wêr yn myn nijsartikel blykt ,,entûsjasme” út, en wêr yn myn nijsartikel wurdt in fertekene foarstelling fan de ynhâld fan it memo jûn? As Pier Bergsma politike spultsjes boartsje wol moat er dat mar witte, mar net oer myn rêch.
    As de Ried alwer NEAT juridysks dwaan wol, lykas yn 2016 doe’t ik mei minskerjochten op ‘e lapen kaam, lykas yn 2017 doe’t Riemersma en ik dêr foarsetten foar jûn hawwe dy’t ien op ien oerienkomme mei it memo fan Yspeert Advocaten, tsja, dat moat de Ried dan mar witte.
    It aardige fan myn nijsberjocht is dat de Ried en yn syn slipstream, of oarsom, de FNP dan lykwols net mear roppe kinne dat der neat MOOGLIK is.

  2. Abe july 16, 13:44

    Dizze is ek moai: ,,Wy wiene fan betinken dat oaren as de Ried it memo hawwe moasten. Ommers dy hiene de oanset derta jûn.” Ja, tankewol Pier, mar dyjinge dy’t de foarset jûn hat, krige net in memo. Gelokkich waard my dat dokumintsje yn hannen spile. Sadat jim op 6 septimber net mear yn in achterkeammerke achter sletten doarren de MOOGLIKHEID fan in proseduere op basis fan minskerjochten ôfservearje kinne.

  3. Abe july 16, 14:12

    En, kom, noch sa’n streekje fan Bergsma: ,,Wa wit komme jo ta deselde konklúzje [as De Vries].” Ja, wa wit. Wa wit ek net, want net elkenien kin memotaal lêze. Hinderet neat, dêr is de parse foar. Faaks kin de redaksje fan ItNijs.frl noch efkes dy boppekast O fan Onderwijs yn ‘e kop boppe dit stikje feroarje yn in lytse letter? Want no lêst dy kop wat beroerd.

  4. Pier Bergsma july 17, 06:45

    Ien fan de konklúzjes fan Yspeert is: “Wij verwachten daarnaast dat een beroep bij de rechter op artikel 6:162 BW (zoals dat met succes is gedaan in de Shell-zaak) ten aanzien van het Handvest weinig kans van slagen heeft. Mogelijk heeft een beroep op artikel 6:162 BW kans van slagen als kan worden aangetoond dat mensenrechten worden geschonden. Deze inschatting is evenwel zeer lastig te maken, omdat er – voor zover ons bekend – geen rechtstreeks precedent bestaat. Niet eerder is een gerechtelijke procedure gestart tegen de Nederlandse overheid vanwege schendingen van mensenrechten als het gaat om (het behoud van) de Friese taal. ”
    Dêrom binne wy fan betinken dat it FD-artikel gjin rjocht docht oan de ynhâld fan it memo. Dêr komt noch by dat wy yn de begeliedende mail by it ferstjoeren fan it memo frege hiene om der noch net oer te publisearjen. It fernuvere ús dat der dan dochs sûnder oerlis in stik yn it FD stiet.

    Ik gean net yn op de boppesteane wat oerdreaune reaksjes fan Abe op myn stik. Se dogge neffens my gjin rjocht oan wat ik skriuw. It is wol in moaie foarset foar it petear yn septimber. Dus tankewol Abe de Vries.

    Pier Bergsma

  5. Abe july 17, 09:29

    It wurdt mei de dei moaier. Yspeert syn ‘lastig te maken inschatting’ stiet nota bene letterlik yn myn artikel. En as B. “oerlis” wollen hie oer it publisearjen fan in stik dat er leaver geheim hâlden hie, dan hie er miskien net skriuwe moatten yn it oanbiedingsbriefke: ,,Soe ik al frege wurde, dan sil myn antwurd wêze dat ik der op dit stuit neat oer sis (..).” Hee, dat foarsitterlik boadskip stiet ék yn myn stik! Wy kenne út oare lannen en fan oare organisaasjes wol de lytse en gruttere streekjes fan it Bestjoer om de frije parse fertocht te meitsjen en dy pet past Pier net.

  6. Arjen J. Dijkstra (ponghâlder Ried f.d. Fryske Beweging) july 17, 10:38

    It momint wêr op’t Yspeert it rapport útbrocht hat, wie net sa hannich. In soad minsken geane no op fakânsje (lykas ‘B.’) Dêrom woene wy (ik wie dejinge dy’t it útstelt hat yn de bestjoersgearkomste) it oer de fakânsje hinne tille, sadat it binnen organisaasjes bepraat wurde koe.

    Wy hoopje dat der letter dit jier wer in Grutte Rie organisearre wurde kin. Dêr soest mei inoar sjen moatte hoe no fierder. Dêr is neat stikems oan. Dêr de taktyk beprate liket my better dan elts op itnijs.frl mar sjen litte, wat foar kroade mei kikkerts ‘de’ Fryske Beweging is. Mei in kroade fol kikkerts winne jo yn elts gefal gjin rjochtssaak. Dat die Urgenda yn elts gefal in stik better. Goede fakânsje en we hawwe it der noch oer!

  7. Martinus july 17, 11:43

    En sa binne Friezen al mear as 2000 jier mei inoar oan it hûnthaaien. risseltaat stiet no al fêst.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.