Pytsje de Graaf hâldt op as wethâlder fan Noardeast-Fryslân

july 28, 2021 13:02

Foto © FNP

Wethâlder Pytsje de Graaf (FNP) leit nei mear as tsien jier wethâlderskip har funksje del fanwegen har sûnens. Se makke dat bekend yn in brief oan de foarsitter fan de gemeenteried, boargemaster Johannes Kramer.

“Us ynwenners, it ferieningslibbben, amtners en ried wol ik tige tankje foar de noflike gearwurking. Ik haw myn wurk altyd mei nocht en wille dien”, skriuwt De Graaf. De portfolio fan wethâlder De Graaf omfiemet kultuer, sport, iepenbiere romte en fasiliteiten en wolwêzen. Wethâlder Breeuwsma nimt sûnt april dit jier de taken fan frou De Graaf oer.

De FNP-politika hat wethâlder west yn Noardeast-Fryslân sûnt de gemeente op 1 jannewaris 2019 oprjochte waard. Dêrfoar wie se fan 2011 oant 2018 wethâlder yn de eardere gemeente Dongeradiel. Frou De Graaf hie ek tal fan funksjes út namme fan de gemeente, ûnder oare yn it bestjoer fan de Vereniging fan Fryske Gemeenten, it Iepen Mienskipsfûns en Jobinder.

Boargemaster Kramer neamt de kar fan frou De Graaf tige spitich, mar ek te begripen. Mei har ôfgean ferliest Noardeast-Fryslân in belutsen bestjoerder dy’t ticht by de ynwenners stie.

july 28, 2021 13:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.