Prins Harry dwaande mei boek oer syn libben
Resint ferskynd
De Britske prins Harry is dwaande mei in boek oer syn libben. De “yntime en oprjochte” memoires wurde ein 2022 útbrocht troch útjouwer Random House.

Prins Harry (foto: Wikipedia/DoD News – publyk domein)
It boek jout foar it earst in ynsjoch yn de “ûnderfiningen, aventoeren, ferliezen en libbenslessen”, dy’t de prins foarme hawwe, lit de útjouwer witte. It boek hat noch gjin titel. De opbringst fan it boek wurdt donearre oan in goed doel. Harry hopet dat syn ferhaal, oer de flaters dy’t er makke en de lessen dy’t er leard hat, sjen lit dat minsken mear mei-inoar oerienkomstich hawwe as se tinke. De memoires binne neffens de prins “krekt en folslein neffens de wierheid”.
Prins Harry en syn frou Meghan Markle, de hertoch en hertoginne fan Sussex, leine begjin 2020 harren keninklike taken del. Hja wenje yn de Amerikaanske steat Kalifornië mei harren bern Archie en Lili. Yn maart hie it span in fraachpetear mei Oprah Winfrey, dat nochal wat saken oan it ljocht brocht. Markle spruts doe ûnder mear oer de soargen dy’t ien yn de keninklike famylje neffens har hie oer de hûdskleur fan soan Archie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje