Podcast ‘Sisyphus’ fertelt legindaryske ferhalen fan Nederlânske alpinisten

july 18, 2021 08:47

Berchbeklimmers dy’t de dea yn ’e eagen sjoen ha, dêr kin dokumintêremakker David de Jongh syn nocht net fan krije. Just de izige ferhalen fan dappere alpinisten meitsje him rêstich as er sels eangstich is. Op syk nei ekstreme tochten kaam er op it spoar fan it beklimmen fan de Annapurna yn 1977, in ekspedysje fan in groep Nederlânske klimmers, dy’t gjin eangst liken te hawwen. Yn de fjouwerdielige podcast Sisyphus rekonstruearret er mei fiif klimmers fan doe hoe’t de izige tocht ferrûn. Sisyphus is in produksje fan DOCS en NPO Radio 1 en is fan 25 augustus ôf te beharkjen fia de populêre podcastplatfoarmen.

Paul Hopster komt yn kamp 4 oan (foto: Maarten Briët)

Yn ’e hjerst fan 1977 besochten alve Nederlanners om boppe de 8000 meter te kommen. De klimmers giene nei de Himalaya om dêr, stipe troch sherpa’s en dragers, de Annapurna te betwingen, in berch dy’t bekend stiet om in protte lawines. Sisyphus fertelt it ferhaal fan harren drege tocht, dêr’t de Nederlanners yntinse mominten fan gelok, skjintme, ûntbearingen en gefaar by belibben. In tocht dy’t by David talleaze fragen opropt: Wat docht men as jins tintegenoat syn stjonkende pisflesse hieltyd iepen yn ’e tinte stean lit? Hoefolle is jins eigen prestaasje wurdich, as de sherpa’s alles drage en it paad sljochtsje? Hoe giet men fierder as men krekt in stolawine oerlibbe hat? En moat de klimmer in egosintrysk bist wêze, of just in groepsbist rjochte op harmony?

Alpinist Mathieu van Rijswick: “In tocht as dy nei de Annapurna yn 1977 wie statistysk like risikofol as in ferbliuw yn de rinfuorgen fan de Earste Wrâldoarloch.”

David de Jongh makket mei Sisyphus in audioferhaal mei komyske en ûntheisterjende botsingen dy’t men tanksij it rike argyfmateriaal, deiboeksitaten en walky-talky-petearen dy’t koartlyn weromfûn binne, fan minút oant minút fogje kinne.

Utstjoering: Sisyphus giet op 25 augustus yn premjêre yn de podcast DOCS en is dêrnei yn jo favorite podcastapp te beharkjen.

Beharkje hjir de trailer:

 

july 18, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.